L
Robotgeholpen doorverwijzing: DNA - Verwijzing(en) gewijzigd naar Desoksyribonukleïnesoer
Content deleted Content added
L r2.7.3) (Bot - oars: sn:Ketaupenyu |
L Robotgeholpen doorverwijzing: DNA - Verwijzing(en) gewijzigd naar Desoksyribonukleïnesoer |
||
Rigel 29:
== Evolúsje en biology ==
Ien fan de sintrale konsepten yn de biology is dat alle libben troch in proses fan evolúsje ôfstamt fan it earste mikro-organisme. De troch [[Charles Darwin]] formulearre evolúsjeteory, mei de troch him nei foarren brochte [[natuerlike seleksje]] as meganisme, stiet oant hjoeddedei sintraal. [[Genetyske drift]] wurdt dêrby omearme as in addisjoneel meganisme yn de saneamde [[moderne synteze]]. De evolúsjonêre histoarje fan in soart, dy't de karakteristiken fan foarôfgeande soart en de relaasje ta oare soarten beskriuwt, wurdt [[fylogeny]] neamd. It grut ferskaat oan wurkfjilden draacht by oan de ynformaasje yn de fylogeny, lykas: it fergelykjen fan [[Desoksyribonukleïnesoer|DNA]] yn de [[molekulêre biology]] en it fergelykjen fan [[fossyl|fossilen]] en oare resten fan âlde organismen yn de [[paleontology]]. Biologen organisearje en analisearje ferwantskip op ferskate wizen. Wichtige ûntwikkelingen yn de evolúsje binne gearfette de [[evolusjonêre tiidsline]].
== De klassifikaasje fan libbensfoarmen ==
Rigel 40:
Oer dizze yndieling ûnstie yn de 19e ieu in soad diskusje, omdat troch de [[evolúsje]]teory fan Darwin oan dizze yndieling in nije diminsje tafoege waard, nammentlik dy fan ''stamferwantskip''. Ek de stúdzje fan fossilen kaam yn dy tiid op. De faktor tiid en wannear der sprake is fan ferskillende soarten waarden belangrike ûnderwerpen fan diskusje. De klassike yndieling blykte op in soad punten net krekt te wêzen.
Yn de lêste jierren fan de [[20e ieu]] kaam der in tredde boarne fan ynformaasje beskikber, '''[[Desoksyribonukleïnesoer|DNA]]-ferwantskip''', meast fan libbene wêzens, mar ek fan in tal noch net al te lang lyn útstoarne soarten. De gefolgen fan dizze nije revolúsje binne no ([[2003]]) noch mar foar in part te oersjen.
Yn de moderne taksonomy wurdt besocht út dizze trije haadboarnen fan ynformaasje (anatomy, fossile foarmen en genetika) in sadanige systematyk op te setten, dat der allinne groepen ('''taksa''', inkelfâld '''takson''') binne dy't ''monofyletysk'' binne, dat wol sizze dat:
|