David van Goorle: ferskil tusken ferzjes

L
Robotgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Doecke van Martena - Verwijzing(en) gewijzigd naar Doeke fan Martena (1530)
Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Antwerpen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Antwerpen (stêd)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Doecke van Martena - Verwijzing(en) gewijzigd naar Doeke fan Martena (1530)
Rigel 1:
'''David van Goorle''' ek bekend ûnder syn [[Latyn|latinisearre]] namme '''David Gorlaeus''', ([[Utert (stêd)|Utert]], [[15 jannewaris]] [[1591]] - [[Koarnjum]], [[21 april]] [[1612]]) wie in [[17e ieu]]sk Nederlânsk wittenskipper; hy wie ien fan de earste [[atoom|atoomgelearden]] fan it betiid moderne tiidrek.
 
Van Goorle waard berne as de soan fan in protestants flechtling út [[Antwerpen (stêd)|Antwerpen]], du't doe skathâlder fan de Greve fan [[Moers]] wie. Syn mem wie fan Fryske adel, de dochter fan [[Doeke fan Martena (1530)|Doecke van Martena]], in frijheidsfjochter en admiraal. Hoewol't Van Goorle himsels ''Ultrajectinus'', fan Utert neamde, waard er grut by syn pake en beppe fan memme kant op harren [[stins]] yn Koarnjum. Yn 1606 waard er ynskreaun as studint yn de keunsten by de [[Universiteit fan Frjentsjer]]. Fan april 1611 ôf, studearre Van Goorle [[teology]] oan de [[Universiteit fan Leien]], en foarme er syn atoomteoryen yn syn ''Ideae Physicae''. Dêryn set er fraachtekens by de teoryen fan [[Aristoteles]] en jout er syn tinzen oer 'in tige lyts, ûndielber, partsje'.
 
Yn de betide 17e ieu wiene dat revolúsjonêre tinzen, dat neitiid waard Van Goorle beskôge as ien fan de grûnlizzers fan de teory oer it atoomdielsje, mei ûnder oaren [[Daniel Sennert]] en [[Pierre Gassendi]]. Hy stoar doe't er noch mar 21 jier wie. Op syn grêf yn de tsjerke fan Koarnjum wurdt er betocht as in 'gelearde en tige yntelliginte jongkeardel'. It gruttere wurk, ''Exercitationes philosophicae '', waard postúm útjûn yn 1620. Der is wol tocht dat foaral dit wurk [[Henricus Regius]] en [[René Descartes]] beynfloede hat.
12.360

bewurkings