John "Rookie" Wright: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
B. (oerlis | bydragen)
korreksje op útslaggen
B. (oerlis | bydragen)
up date
Rigel 2:
'''John "Rookie" Wright''', ([[New York City]], [[1973]]) meast koartwei "Rookie" neamd, is in ferneamd [[muorrekeatsen|muorrekeatser]] út [[New York]]. Fan likernôch 1990 oant 2010 hat hy it big ball sirkwy yn New York dominearre, benammen yn it inkelspul. Njonken it muorrekeatsen is John Wright wurksem by in gokkantoar as 'bookmaker'. Ek by it muorrekeatsen binne foar him, njonken it prizejild, weddenskippen op eigen en oarmans wedstriden in wichtige bron fan ynkomsten. Mei syn provosearjend gedrach op en om de baan is er boppedat in publykslûker.
 
Hy makke yn [[2001]] ek namme yn it small ball sirkwy troch yn dat jier de ICHA Mayor's Cup op syn namme te skriuwen en tegearre mei Dave Rojas de dûbeltitel op it Amerikaansk kampioenskip op te easkjen. It soe lykwols oant 2012 duorje, foardat Rookie ek beslach lizze koe op in inkeltitel yn de small ball fariant.
 
Yn [[2008]] doe't it Amerikaanske keatsbûn, de USHA, de nasjonale kampioenskippen foar it spul mei de big ball wer ynstelde, pakte Rookie dêryn, alhiel neffens ferwachting, de titel, dy't er yn [[2009]] wist te prolongearjen. Oan it begjin fan 2010 rekke hy blessearre en koe dat jier net folút spylje. Op it ein fan de simmer fan 2010 liet er lykwols sjen dat er op de wei werom wie troch foar de 4e kear it "King of the Court" toernoai op syn namme te skriuwen. Yn 2011 pakte hy de tried wer op en wûn de tredde nasjonale titel big ball.