Burmaniahûs: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Robotgeholpen doorverwijzing: Aldehou - Verwijzing(en) gewijzigd naar Aldehou (doarp)
oanf.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Ljouwert, Burmaniahûs.jpg|thumb|275px|It Burmaniahûs yn Ljouwert]]
It '''Burmaniahûs''' of '''Catershûs''' is in [[state]]monumintaal hearehûs yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]]. DeIt gebou wie oarspronklik in [[state]] en is yn eigendom fan de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]].
 
== Skiednis ==
De [[stins]] is ynYn de [[15e ieu]] of earder ûntstienûntstie op it stee fan it hjoeddeiske Burmaniahûs in [[stins]]. De famylje Burmania stamt ôf fan in trettjinde ieuske pastoar fan de Sint-Fitustsjerke fan [[Aldehou (doarp)|Aldehou]]. By de stins hearden grutte stikken grûn op de Aldehousterterp. Meidat de famylje ôfstammet fan in pastoar, hienen se lange tiid it 'jus patronatus': it beneamingsrjocht fan preesters fan de Sint-Fitustsjerke.
Yn de [[16e ieu]] is Rienck fan Burmania, drost fan Coevorden, eigener fan de stins en hy beslút om 1555 hinne dy ferbouwe te litten. Rienck hat in broer Joast, dy't troud wie mei Baef Caters, nei wa't it hûs ek wol Catershûs neamd waard.
 
Line 18 ⟶ 19:
 
Blykber wie it saaie gebou jonkfrou Clara Tjallinga en har man net nei't sin en se lieten it Burmaniahûs - dat de midsieuske kearn noch hie - hielendal ôfbrekke, ynklusyf de kelders. It nije Burmaniahûs, yn 1874 ûntwurpen troch Jurjen Bruns en yn 1914 ferboud, is in foarname stedsfilla wurden. It gebou is yn neo-renêssânsestyl fersierd mei eleminten fan natoerstien en pleisterwurk. Der kamen sels grutte liuwen op it bordes te lizzen.
 
Yn [[1912]] waard it Burmaniahûs ferkocht oan de ''Algemeene Friesche Levensverzekeringsmaatschappij'', in foarrinder fan [[AEGON]], dy't it hûs yn gebrûk hie as [[kantoor]]romte. Oan de ein fan de [[Twadde Wrâldkriich]] waard in diel fan it pân in skoft brûkt troch de [[Sicherheitsdienst]].
 
=== Yntree stedskantoor ===
Yn 1989 hat AEGON it Burmaniahûs oan de gemeente Ljouwert ferkocht. It stedshûs fan de gemeente waard te lyts en dêr waard nei in oplossing socht. Besletten waard om in nij stedskantoor bouwe te litten dêr't de bou fan útein set yn 1992. It Burmaniahûs waard omsletten troch nijbou en foarmet sûnt de yngong fan it nije stedskantoor.
 
== Bewenners ==