Spartakusbûn: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: nl:Spartacusbond
L [[]]
Rigel 5:
It '''Spartakusbûn''' ('''''Spartakusbund''''') wie in [[Dútslân|Dútse]] radikaal-linkse en [[Kommunisme|kommunisysk]] oriïntearre organisaasje, oprjochte yn 1915, yn it earstoan ûnder de namme ''Gruppe Internationale''.
 
De namme Spartaûsbûn ferwiist nei slavenoanfierder [[Spartakus]] dy't [[73 f. Kr.]] yn opstân kaam tsjin de [[Romeinske Republyk|Romeinen]].
 
Foaroanlju fan it Spartakusbûn wienen [[Karl Liebknecht]], [[Rosa Luxemburg]] en [[Wilhelm Pieck]]. Fan 1915 oant 1918 wie it bûn fral tsjin ít meidwaan fan Dútslân oan de [[Earste Wrâldkriich|kriich]] en de saneamde ''Burgfriedenspolitik'' fan de [[Sozialdemokratische Partei Deutschlands|SPD]] (dat betsjut it fiergeand oparbeidzjen fan de sosjaaldemokraten mei it keizerlik regear). It Spartakusbûn radikalisearre bot nei de Russyske [[Oktoberrevolúsje]] dy't yn 1917 de [[Bolsjewiken]] oan de macht brocht. It wie ûnder de Dútse [[Novimberrevolúsje]] ([[1918]]) en har neiflearen, earst nei it frijlitten fan Liebknecht en Luxemburg (efterelkoar oktober en novimber 1918), dat it bûn har hichtepunt berikte. Jannewaris 1919 besocht it Spartakusbûn mei de lofterfleugel fan de [[Unabhängige Sozialdemokratische Partei Deutschlands|USPD]] en de lofse revolúsjonêren om'e nocht yn [[Berlyn]] de macht oer te nimmen en dêr in [[riederepublyk]] te stichten. Nei dy saneamde "[[Spartakusopstân]]" waarden Rosa Luxemburg en Karl Liebknecht deadien. [[Wilhelm Pieck]], in oare Spartakist, koe ûntkomme. Hy wie letter presidint fan de [[Dútske Demokratyske Republyk]].
 
Neitiid feroare it Spartakusbûn har namme yn ''[[Kommunistyske Partij fan Dútslân|Kommunistische Partei Deutschlands]]'' (KPD).