Republyk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. derby
L [[]]
Rigel 1:
In '''republyk''' is in [[steatsfoarm]] dêr't de lieder of lieders fan it lân by keazen wurdt. It stiet min of te mear tsjin de [[monargy]] oer, dêr't ien lieder troch erfopfolging oanwiisd wurdt.
 
Yn it ferline waard as it wichtichste aspekt fan de republyk sjoen dat der mear as ien lieder wie. Bygelyks [[Charles Montesquieu|Montesquieu]] slút ek de [[aristokrasy]] yn foar de republyk. Hjoed de dei is it kiezen it wichtichste aspekt, en wurdt in republyk sjoen as in steatsfoarm basearre op [[demokrasy]].
 
Yn de measte republiken is ien lieder fan it [[lân]] en in oar de lieder fan it [[regear]]; njonken in [[presidint]] hat it lân dan ek in [[premier]]. Dat is lykwols net altiten sa. De [[presidint]] fan de [[Feriene Steaten]], de premier fan [[Switserlân]] mar ek de [[Adolf Hitler|Furer]] fan [[Dútslân]] fan [[1934]] oant [[1945]], binne foarbylden fan ien lieder foar lân en regear.
 
De macht fan de presidint ferskilt ek tusken republiken. Yn guon lannen hat de presidint in soad macht; yn oaren is de funksje hast allinnich seremonieel, wylst de macht dan by de premier of it regear leit. Fan ynfloed is dêrby ûnder oaren of de republyk ûntstien is troch it ôfsetten fan in machtige [[kening (titel)|kening]]. Yn kommunistyske lannen leit de macht faak by de lieder fan de [[politike partij|partij]], ek as dy formeel gingjin part fan it regear is.
 
[[Kategory:Polityk]]