Ferskil tusken ferzjes fan "Meksiko-Stêd"

L
(oar plaatsje)
L (→‎Skiednis: red.)
 
== Skiednis ==
De stêd waard yn [[1325]] as [[Tenochtitlan]] troch de [[Azteken]] stifte. De leginde wol hawwe dat har stamgod [[Huitzilopochtli]] it plak oanwiisde dêr't de op dat stuit noch nomadyske Azteken har festigje moasten, troch in [[Earn (roofvogelrôffûgel)|adelaar]] op in [[Kaktusfamylje|kaktus]] in [[slang (bist)|slang]] opfrette te litten. DitIt tafreel stiet ôfbylde op it wapenskild fan de flagge fan Meksiko. Dat barren wie op in eilân yn it [[Tekskokomar]], dat dêr stiften de Azteken har haadstêd. De stêd wreide him rillegau út oer oare eilannen yn it mar, sadat der in soarte fan [[Feneetsje]] ûntstie. Op har hichtepunt hie Tenochtitlan 200.000 oant 300.000 ynwenners en wie it op [[Parys]] en [[Konstantinopel]] nei de grutste stêd fan de wrâld.
 
Yn [[1519]] berikte de Spaanske [[konkwistadore]] [[Hernán Cortés]] de stêd. Yn it earst oan waard er freonlik wolkom hjitten, mar letter waard er de stêd útjage. Nei in belis fan moannen joech de stêd har op [[13 augustus]] [[1521]] oer. It waard de haadstÊdhaadstêd fan it ûnderkeninkryk [[Nij-Spanje]] en nei [[1821]] fan it selstannich Meksiko, alhoewol't út reden fan boargeroarloggen oare steden tydlik ek haadstêd west hawwe. Yn [[1847]] waard Meksiko-stêd beset troch de [[Feriene Steaten|Amerikanen]] en yn [[1863]] troch de [[Frankryk|Frânsen]].
 
Yn de [[20e ieu]] naam it ynwennertal tige ta, en wie de stêd in skoft de grutste fan de wrâld. Yn [[1968]] waarden de [[Olympyske Simmerspullen 1968|Olympyske Spullen]] yn Meksiko-stêd organisearre, mar dat jier bringt yn Meksiko fral it [[bloedbad fan Tlatelolco]] te binnen, dat twa wiken foar de iepening fan de Spullen barde. Op [[19 septimber]] [[1985]] waard de stêd rekkerrekke troch in swiere [[ierdskodding]] (it episintrum lei besuden de stêd yn [[Michoacán]]), dêr't 5.000 (neffens de regearing) oant 20.000 deaden by foelen. Boppedat rekken tsientûzenen dakleas.
 
Yn [[1997]] waarden demokratyske herfoarmingen trochfierd; boargemaster en distriktsrieden waarden tenei troch it folk keazen.