Minne Simens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L red.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Meno simonis.jpg|thumb|250px|right|Menno Simons]]
[[Ofbyld:MennoSimons.gif|thumb|right|250px|"Menno Simons út Fryslân"<br>1608, troch Christoffel van Sichem]]
'''Menno Simons''' ([[Wytmarsum]] [[1496]] - [[Bad Oldesloe]] ([[Sleeswyk-Holstein]]), [[31 jannewaris]] [[1561]]), waans eigentlike, Fryske namme ''Minne Simens'' wie, wie in roomsk pryster, [[reformator]] (tsjerkeherfoarmer) en foaroanman fan de [[Menisten]] (''Dopersken''), dy't oan him harren namme tankje. Hy wie fan [[1537]] ôf oant syn dea ien fan de wichtichste lieders fan de doperske reformaasje dy't benammen yn de kustomkriten fan [[Dúnkerken]] oant [[Dantzig]] in mânske oanhing hienen.
 
==Libbensrin==
Rigel 8:
Al yn syn begjinjierren as pryster hie Menno Simons twifels oer hoe't de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] omgie mei de [[sakraminten]]. Doe't er hearde dat [[Sicke Frearks]] op [[20 maart]] [[1531]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] eksekutearre waard, omdat er him op 'e nij dope litten hie, naam dy twifel allinne noch mar ta. Hy sympatisearre earstoan mei [[Maarten Luther]], dêrnei waard hy mear oanlutsen troch de ideeën fan [[Huldrych Zwingli]] en om-ende-by [[1531]] rekke yn ûnder de yndruk fan de út Switserlân stamjende Dopersken.
 
Yn dyselde tiid kaam er werom nei syn bertedoarp Wytmarsum, om dêr it prysterskip op him te nimmen. Yn de jierren '34-36 preke hy fûl tsjin de militante praktiken fan [[Jan vanfan LeidenLeien]] en [[Jan van Batenburg]], mar yn [[1535]] liet er him lykwols op 'e nij dope (''werdope''; hy wie nammentlik as bern yn de katolike tsjerke doopt) en it soe noch oant jannewaris [[1536]] duorje ear't Simons folslein brekt mei de [[Roomsk-Katolike Tsjerke|Katolike tsjerke]] en [[Dopersken|dopersk]] waard. Dêr gie it belis fan it Oldeekleaster[[Aldekleaster|Oldekleaster]] tichtby Boalsert oan foarôf, dêr't in opjage groep dopersken harren ferskûle hienen. De ynname fan it kleaster in wike letter troch de steedhâlder fan Fryslân liedelate ta in moarderij, dêr't ek in broer fan Menno ien fan de sneuvelen by wie. Wa't finzen nommen wie, waard letter yn Ljouwert terjochtsteld mei de dea as gefolch. Op [[12 jannewaris]] [[1536]] joech Menno Simons syn amt fan pastoar op en gie fuort nei Grins, dêr't de ferfolging fan Dopersken minder strang wie. Hy hâlde him dêr in jier ferskûle om it lot fan Sicke Freerks en oare ûngelokkige tiidgenoaten te ûntrinnen.
 
Yn [[1537]] waard Simons tsjerklik lieder fan de Baptisten yn Nederlân. Hy wenne nei alle gedachten in grut part fan de tiid yn [[Grinslân]], dêr't er yn [[Grins (stêd)|Grins]] in meniste gemeentemenistegemeente foargie en dêr't er ek troude. Hy reizge in soad nei [[Fryslân]], nei [[East-Fryslân]] en fierder nei it easten. Mar hyHy wie lykwols nearne lang feilich en yn [[1542]] loofde [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] 100 gûne út foar syn oanhâlding.
 
Simons organisearre troch hiel it Dútske taalgebiet de gemeenten, wiisde liedslju oan en joech stipe oan syn leauwegenoatenleauwensgenoaten troch it skriuwen fan brieven. Yn 1539 kaam syn '[[Fûnemintenboek]]' út, dat tige dierber wie foar de menisten. Simons wie strang op de libbenshâlding: de gemeente moast 'sûnder flek op rimpel '([[Brief fan Paulus oan de Efeziërs|Ef.]] 5:27) wêze, dêr't hy de klam by lei op de needsaak fan geastlike werberte, it suvere [[apostel]]skip fan de kristlike gemeente. Dêr kaam by dat er fûl tsjinstanner wie fan de [[bernedoop]] dy't hy seach as net [[Bibel|bibelsk]] fûndearre.
 
Earst yn [[1554]] fûn hy, lykas oare Menisten, in feilich plak op it bûten [[Wüstenfelde]], by [[Bad Oldesloe]] yn [[Sleeswyk-Holstein]]. Yn de rin fan de tiid krigen syn frou Gertrude en hy op syn minsten twa famkes en ien jonge, Jan. Hy ferstoar op [[31 jannewaris]] [[1561]] op [[Wüstenfelde]] en waard dêr ek begroeven. Mar ynYn de [[Tritichjierrige oarloch]] waard it bûten ferwoastge, sa'tsadat it plak fan syn grêf net mear bekend is.
 
== Wurk ==