Hindrik fan Nassau: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
fan nl:
tf
Rigel 5:
Hindrik wie it tolfde en lêste bern fan [[Willem I fan Nassau-Dillenburg|Willem de Rike]] en grevinne [[Juliana fan Stolberg]].
 
Hy studearre fan syn 14e ôf yn [[Leuven]] ûnder tafersjoch fan syn âldste broer Willem. Nei in studzjestúdzje yn [[Straatsburg]] naam er tsjinst yn it leger fan de [[Frankryk|Frânske]] [[Hugenoaten]] laat fan [[Gaspard de Coligny]], heit fan [[Louise de Coligny]], wêrmei't er meidie oan de [[Slach fan Montcontour]] op [[3 oktober]] [[1569]].
 
Al yn [[1572]] die Hindrik mei oan Willem syn twadde ynfaazje yn de Nederlannen. Meidat dy mislearre gie er werom nei Dillenburg om dêr yn nije fjildtocht mei ta te rieden. Yn 1574 luts Hindrik mei de Frânske en Dútske legers nei [[Leien]]; op de Mookerheide waarden sy lykwols opkeard troch Spaanske troepen. Yn de [[Slach op de Mookerheide]] sneuvele er (tegearre mei syn broer [[Loadewyk fan Nassau|Loadewyk]]). Harren lichems waarden nea weromfûn.