Adolf fan Nassau (1540-1568): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurkleas
tf
Rigel 2:
Greve '''Adolf fan Nassau''' ([[Dillenburg (stêd)|Dillenburg]], [[11 july]] [[1540]] – [[Heiligerlee]], [[23 maaie]] [[1568]]) wie de fjirde soan fan [[Willem I fan Nassau-Dillenburg|Willem de Rike]] en [[Juliana fan Stolberg]]en de op ien nei jongste broer fan [[Willem fan Oranje]] (Willem de Swijer).
 
Adolf studearre yn [[Wittenberg (stêd)|Wittenberg]]. Hy fjochte yn [[1566]] tsjin de Turken dy't hieltiid fierder Europa ynkrongen. Yn [[1568]], doe't syn broer Willem de Swijer de wapens opnaam tsjin [[Filips II fan Spanje|Filips II]], stride er oan dy syn side yn Brabân. Dêrnei gie Adolf yn it leger fan syn oare broer [[Loadewyk fan Nassau|Loadewyk]] mei nei't noarden fan de Nederlannen, dêr't er by Heiligerlee sneuvele. De Spaanske troepen waarden by Heiligerlee oanfierd fan [[Jan van Ligne|Arenberg]]. De [[Slach by Heiligerlee]] waard wol troch de troepen fan Willem fan Oranje wûn, mar [[Fernando Álvarez de Toledo|Alva]] wist it effekt dêrfan teneat te dwaan trochttroch [[5 juny]] [[1568]] de greven [[Lamoraal fan Egmont|Egmont]] en [[Greve Horne|Horne]] yn Brussel te ûnthalzgjen.
 
==Stambeam ==
Rigel 35:
== Sneuvele by Heiligerlee ==
[[Ofbyld:Monument Battle of Heiligerlee.jpeg|thumb|Monumint foar Adolf fon Nassau yn Heiligerlee]]
Adolf stoar yn de [[Slach by Heiligerlee]] (1568), dy't troch syn broer Loadewyk wûn waard. Neidat de steatske troepen de SpanjaardenSpanjerts ynsletten hienen sloech it hynder fan Adolf op'e rin. Hy bedarre mids de Spaanske troepen en de Greve fan Aremberg stoarte him persoanlik op Adolf en deade him en twa ruters dy't him te help kamen. Koart skoft dêrnei waard de Greve fan Aremberg sels delsketten en stoar ek. It is net witten oft greve Adolf weromfûn is. Dêr gean feskillendeferskillende ferhalen oer:
 
*Greve Adolf fan Nassau en Johan de Ligne, greve fan Aremberg soene tegearre opbierd wêze yn de kleastertsjerke fan Mons Sinaï. Letter soe Adolf oerbrocht wêze nei [[Midwolda]] en dêrnei nei de Grutte Tsjerke fan [[Emden]].