Linus Torvalds: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Linus Torvalds.jpeg|thumb|Linus Torvalds'']]
'''Linus Benedict Torvalds''' ([[HelsinkýHelsinky]], [[28 desimber]] [[1969]]) is in [[Finlân|Finsk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaans]] [[ynformatikus]], dy't it meast bekend is fanwege de inisjele ûntwikkeling fan de [[Linux-kearn]] en dêr tsjintwurdich ek noch koördinator fan is.
 
== Libbensrin ==
Torvalds is in soan fan de sjoernalisten Anna en Nils Torvalds, dy't him nei [[Linus Pauling]] neamden. Hy heart ta de [[Sweedsk]]sprekkende minderheid yn [[Finlân]], mar wennet anno 2008 yn de [[Feriene Steaten]] en hat him yn 2010 naturalisearje litten ta Amerikaansk steatsboarger.<ref>[http://www.networkworld.com/community/node/66241 Linus Torvalds becomes an American citizen]</ref>
 
Hy is ferantwurdlik foar it ûntstean fan de [[Linux-kearn]] en brocht dêrmei de [[frije software|frije-softwarebewegingprogrammatuer-beweging]] foar it earst ûnder de oandacht fan in grut publyk. Yn 1991 kundige hy de beskikberheid fan syn ''Free [[Minix]]-like [[kearn]]'' foar it earst oan. Syn kearn wie in oanfolling fan it [[GNU]]-projekt, dêr't noch ien kearn fan miste - dêrfoar wie destiids, en no noch altiten [[De Hurd]] pland.
 
Minder as 5% fan de hjoeddeiske koade fan de Linux-kearn is fan syn hân, mar Torvalds wurdt noch wol troch eltsenien sjoen as dyjinge dy't it bêst beslisse kin hokker koade al/net yn Linux terjochte komt. Sa wurdt foarkommen dat der in nije ôfsplitsing fan de Linux-kearn ûntstiet en ferspraat wurdt, ek al is dat juridysk sjoen mooglik ûnder de [[GNU General Public Licence|GPL]]-lisinsje.
Rigel 11:
Torvalds sjocht Linux as in hobby; hy hie oant juny 2003 in fulltime baan by [[Transmeta]] en sûnt dy datum by [[OSDL]], no oppgien yn [[The Linux Foundation]]. As immen frege wat hy by Transmeta krekt die, dan wie it antwurd "cool stuff" of gewoan "stuff". Grif sil hy oan in [[compiler]] wurke ha foar in nije [[(sintrale)ferwurkingsienheid]]. Dêrneist mocht hy fan Transmeta ek yn kantoaroeren oan Linux wurkje.
 
Torvalds hie gjin beswier tsjin it skriuwen fan [[propriëtaire programma's]] bij Transmeta. Foar him komt technyk op it earste plak en de iepenheid en frije beskikberheid is foar him allinnich in metoade de [[programma]]'s better te meitsjen. Hy heart dêrmei ta de pragmatyske ''[[iepen-boarne]] -beweging'' en net ta de ''[[frije programma]] -programmatuer-beweging'' (benammen laat troch [[Richard Stallman]] en it [[GNU]] projekt) dy't it benammen te dwaan is om frijheid.
 
Om by Transmeta wurkje te kinnen ferhuze Torvalds fan syn heitelân nei [[Silicon Valley]]. Mei syn frou Tove Monni hat hy trije bern, dy't hy faak meinimt nei LinuxkongressenLinux-kongressen. Hy hâldt him meastal ôfsidich fan fûle diskusjes oer programma[[lisinsje]]s.
 
Transmeta wie yntinsyf dwaande 386+-processors nei te meitsjen, en Torvalds hie dêr by it starten fan syn Linux-projekt in útwreide stúdzje nei dien. Hy hie benammen ûnderfining mei de programma-aspekten derfan, en om't Transmeta as emulaasjemakker tige op programmatuer rjochte wie, koe Torvalds in soad bydrage. Yn syn autobiografy seit hy dat hy bygelyks de earste tiid benammen dwaande wie mei in [[x86]]-[[emulator]] te skriuwen.