Linus Torvalds: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 5:
Torvalds is in soan fan de sjoernalisten Anna en Nils Torvalds, dy't him nei [[Linus Pauling]] neamden. Hy heart ta de [[Sweedsk]]sprekkende minderheid yn [[Finlân]], mar wennet anno 2008 yn de [[Feriene Steaten]] en hat him yn 2010 naturalisearje litten ta Amerikaansk steatsboarger.<ref>[http://www.networkworld.com/community/node/66241 Linus Torvalds becomes an American citizen]</ref>
 
Hy is ferantwurdlik foar it ûntstean fan de [[Linux-kearn]] en brocht dêrmei de [[frije software|frije-programmatuer-beweging]] foar it earst ûnder de oandacht fan in grut publyk. Yn 1991 kundige hy de beskikberheid fan syn ''Free [[Minix]]-like [[kearn]]'' foar it earst oan. Syn kearn wie in oanfolling fan it [[GNU]]-projekt, dêr't noch ien kearn fan miste - dêrfoar wie destiids, en no noch altiten [[De Hurd]] pland.
 
Minder as 5% fan de hjoeddeiske koade fan de Linux-kearn is fan syn hân, mar Torvalds wurdt noch wol troch eltsenien sjoen as dyjinge dy't it bêst beslisse kin hokker koade al/net yn Linux terjochte komt. Sa wurdt foarkommen dat der in nije ôfsplitsing fan de Linux-kearn ûntstiet en ferspraat wurdt, ek al is dat juridysk sjoen mooglik ûnder de [[GNU General Public Licence|GPL]]-lisinsje.