Tonnemafabryk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L kat. oars
L [[]] better
Rigel 2:
'''Tonnemafabryk''' is in fabryksgebou foar de produksje fan snobbersguod yn [[Snits (stêd)|Snits]].
 
It snobbersguodfabryk fan [[Tonnema]] út [[1955]] waard boud nei ûntwerp fan [[J.A.Johannes Albertus Boer|Jo Boer]] (1895-1971). Karakteristyk oan it gebou binne de njoggen bôgen fan it [[seachdak]]. De gevels binne fan giele [[bakstien|ferblendstien]]. It nije fabryk wie nedich fanwege is súkses fan de [[suertsje|Rangsuertsjes]] en de [[KING (pipermunt)|KING pipermunt]]. Yn de jierren sechtich waard it fabryk útwreide.
 
Yn 2007 waarden it Tonnemafabryk en de [[wettertoer (Dokkum)|wettertoer fan Dokkum]] (1958) as ienichste twa bouwurken yn Fryslân út de perioade 1940-1958 troch de [[Rykstsjinst foar Argeology, Kultuerlânskip en Monuminten]] as [[ryksmonumint]] oanwiisd. Erkenning folget lykwols earst nei oerlis mei de eigner, en ynstimming fan de gemeenterie.