Anne Tjerk Popkema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
MeinRei (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 6:
Wurke tusken 2002-2004 foar de [[Fryske Akademy]], oan it earste boek dat yn it Frysk printe is, de [[Alde Druk]], út 1484-1486. Yn 2004-2008 foltôge er by it Fach friesische Philologie (de Nordfriesische Wörterbuchstelle) fan de Christian-Albrechts-Universität yn it Dútske Kiel it ''Altfriesisches Handwörterbuch'' (2008). Hofmann, de oarspronklike bewurker, ferstoar yn 1998 doe't it boek oant de letter S klear lei. Popkema makke it wurk fierder dien. Skreau wittenskiplike artikels oer it [[Aldfrysk]], leksikografy en de skiednis fan it Frysk. Yn 2008 begûn Popkema mei in Fryske taalburo yn syn wenplak Grins: Taalburo Popkema, dat him spesjalisearret op oersetten fan en ûndersyk nei it Frysk.
 
Anne Popkema hat altiten al niget hân oan it oersetten nei it Frysk ta. Under syn wittenskiplike wurksumheden sette er al ûnderskate stikken oer, lykas ''Ik pak myn bibleteek út'' fan de Joadsk-Dútske kultuerfilosoof [[Walter Benjamin]]. Earder al is er begûn mei it oersetten fan it boek ''The Hobbit'' fan [[J.R.R. Tolkien]], dat yn [[2009]] ferskynde. Yn 2011 ferskynde der fan dy oersetting ek in audioboek, dat ynsprutsen is troch Popkema sels. .
 
Neist oersetter en taalûndersiker is Popkema adviseur foar it Frysk foar it ''Oxford English Dictionary'' (sûnt 2006) en it ''Deutsches Rechtswörterbuch'' (sûnt 2009). Krige yn [[2007]] de ''Laurence Urdang Euralex Award''. Waard yn [[2009]] lid vanfan de Fryske Akademy. Popkema wurket dêrneist as dosint taalfeardigens by de oplieding Fryske taal en kultuer oan de Ryksuniversiteit Grins. Fierder bestjoerslid fan de Stifting ''Eigen Honk Bernlef'' en fan it ''Nammekundich Wurkferbân'' fan de Fryske Akademy. Ek is hy lid van de Oarkonderûnte fan de Fryske Akademy.
 
Popkema skriuwt geregeld taalwedstriden út: yn 2011 foar in Fryske [[Gévisme]]n, en earder dat jier foar it moaiste Fryske [[palindroom]]. Hy joech yn juny 2010 in kursus Frysk oan Ron Jans, doe't dy krekt trainer fan SC Hearrenfean wurden wie. Popkema makke ek de oersetting fan de earste Frysktalige Donald Duck, dy't yn april 2012 útkaam by de Afûk yn Ljouwert.
 
== Oersettings [seleksje] ==
Makke yn 2009 in oersetting fan [[J.R.R. Tolkien]] syn ''The Hobbit''. Wurket yn 2012 oan in oersetting fan ''De mearkes fan Grimm''.
* ''Ik pak myn bibleteek út'' ( [[Walter Benjamin]], 2004 )
* ''De harksizzer. Fyftjin karaktersketsen'' ([[Elias Canetti]], 2007)