G. Willem Abma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 6:
Yn it iere dichtwurk wurdearre de advyskommisje doedestiids it algemien minsklike, dat fierder rikt as it momint. Hoewol't it wurk fan Abma, lykas as by de measte dichters, tige persoanlik is, behannelet hy grutte tema's lykas libben en dea, leafde, it minsklik tekoart, it leauwe en de maatskippij. Syn eardere wurk kenmerket him troch in minging fan religy en seksualiteit dy't sa no en dan oan it wurk fan [[Jan Wolkers]] tinken docht. De fersen hawwe wat wiisgearichs mei har bylden en ferwizingen nei de [[Bibel]] en nei de myten en de [[filosofy]] fan de [[âldheid]]. Al dichtsjend hat de dichter besocht klearrichheid te krijen oer syn identiteit, syn ferhâlding ta de meiminske en syn plak op ierde. Dêrnei kaam der mear romte foar oaren en toande er yn syn literêr wurk mear engaazjemint. De toan yn de lettere gedichten is mylder, de fersen binne begrypliker, minder typysk Daniël Daensk, wurden. Abma hat redakteur west fan [[Alternatyf (tydskrift)|Alternatyf]], [[Operaesje Fers]] en [[Trotwaer]].
 
Nei oanlieding fan Abma's santichste jierdei yn 2012 ferskyntferskynde der in tsjokke blomlêzing út it dichtwurk fan Abma: ''Troch eigen lânskip''. De ynlieding is fan [[Philippus Breuker]] en it boek sil ferskineferskynde by Utjouwerij Wijdemeer fan Ljouwert.
 
== Bibliografy ==