Franz Liszt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.2) (Bot - derby: az:Ferens List
red, tf's
Rigel 1:
[[Ofbyld:Liszt 1858.jpg|thumb|Franz Liszt yn 1858]]
'''Franz Liszt''' (''Liszt Ferenc(z)'', [[Hongaarsk]], nei 1859 ''Franz Ritter von Liszt'', [[Raiding]], [[22 oktober]] [[1811]] – [[Bayreuth (stêd)|Bayreuth]], [[31 july]] [[1886]]) wie in Hongaarsk [[komponist]] en [[pianist|pianofirtuoas]]. enHy jildt as ien fan de grutste pianofirtuoazen fan alle tiden. TeffensFranz Liszt wie erteffens in foaroansteand en súksesfol muzykpedagooch, myzykherfoarmer en -fernijer; it [[symfonysk gedicht]] en it pianorecital wurde oan him taskreaun. Franz Liszt syn libben en wurk spile him fral yn [[Wenen]] en [[Parys]] ôf; syn lettere libben tusken[[Weimar]], dêr't er hofkapelmaster wie, [[Boedapest]] en [[Rome (stêd)|Rome]], dêr't er ek de legere prysterwijing krige. Hy waard altyd oansprutsen mei "[[abbé]]" (heit), hoewol't syn wijing him dêr gjin rjocht op joech.
 
== Wûnderbern ==
Franz Liszt waard berne oan it hof fan prins [[Nicolaas II Esterházy]] in [[Raiding]] (Hongaarsk: ''Doborján''), yn it doetiidske [[Keninkryk Hongarije (1700-1919)|Keninkryk Hongarije]] (no [[Burgenland]] yn [[Eastenryk]]) en dêr op 23 oktober doopt. Syn heit Ádám Liszt, út in Dútsk laach, wie rentmaster by Esterázy en mem wie Maria Anna Lager.<ref>Taylor (1986), pp. 1-3. Der is in soad striderij west oer de fraach oft Liszt út in Dúts laach of in aadlik Hongaarsk laach kaam. Genealogysk ûndersyk hat útwiisd dat de famylje Liszt (Dútsk: List) ôfstammet fan in laach fan Dútske lânbouwers en ambachtslju yn tsjinst fan de [[Esterházy|Esterházy's]].</ref> Thús waard [[Dútsk]] sprutsen, sels spriek er leafst Frânsk.
 
Al mei seis jier die syn grutte muzikale bejeftigens bliken; hy krige doe muzykûnderjocht fan syn heit. Yn in jier koe er muzyk lêze én skriuwe. Mei njoggen jier joech er syn earste konsert yn [[Sopron]]. Fuort dêrnei naam Ádám him mei nei it Esterházy-paleis yn [[Eisenstadt]] (Hongaarsk: ''Kismárton''), om in twadde konsert te organisearjen foar prins Nicolaas II Esterházy. Letter yn’t jier folge in konsert foar Hongaarske ealjueallju yn Pressburg. Beide wiene tige slagge en Ádám berikt dêrmei wat er yn de holle hie: fan de Hongaarske eallju krige de jonge Franz in stúdzjebeurs sadat er by in musikus fan namme fierder stúdearjestudearje koe.<ref>Taylor (1986), pp. 3-8.</ref>
 
It waard [[Carl Czerny]] yn Wenen, in foaroansteand komponist en learling fan [[Ludwig van Beethoven|Beethoven]], dy’t it in ear fûn en de jonge Franz wol fergees les jaan woe. Dit die heit Ádám besluten om syn wurk oer te jaan en him folslein ta te lizzen op de muzikale ûntjouwing fan syn soan. Liszt hat doe noch in skoftke ûnderrjocht yn komposysje hân fan [[Antonio Salieri]]. Ien fan syn lêste konserten yn Wenen wie in solo-recital op 13 april 1823 dêr’t ek [[Ludwig van Beethoven]] foar útnoege wie. It skynt dat dy bot ûnder de yndruk fan Liszt wie, hoewol’t er doe al dôf wie.
 
== Yn Parys ==
Septimber 1823 ferhúzeferhuze de famylje nei Parys mei de bedoeling dat Liszt dêr fierder studearje soe oan it konservatoarium. Hy waard lykwols net talitten omdat er bûtenlanner wie. Privee waard der wol fierder stúdearre: teory by [[Anton Reicha]] en komposysje, hamony en kontrapunt by [[Ferdinando Paër]]. Fierder muzikaal ûnderrjocht hat Liszt net hân, dat hy wie foar it meastepart in autodidakt.
 
Parijs bleau lykwols it sintrum dêr’t er as pianofirtuoas spile en komponearre. Hy waard hurd populêr by publyk, kritisy en kollega's; hy kaam yn de hege maatskiplike rûnten en krige sels ûnderskiedingen foar syn konserten. It wie ek yn Parys dat er letter it "recital" ynbrocht (1839).
Rigel 18:
[[Ofbyld:Liszt at the Piano.JPG|thumb|350px|''Franz Liszt ymprovisearret op de Piano'' (1840), fan [[Josef Danhauser|Danhauser]]. It optocht selskip bestiet út, sittend [[Alfred de Musset]] of [[Alexandre Dumas, père]], [[George Sand]], Franz Liszt, [[Marie d'Agoult]]; steand [[Hector Berlioz]] of [[Victor Hugo]], [[Niccolò Paganini]], [[Gioachino Rossini]]; in búste fan [[Ludwig van Beethoven|Beethoven]] op de piano (in "Graf"), in portret [[Lord Byron]] oan de muorre, in stânbyld fan [[Jeanne d'Arc]] lofts.<ref>[http://books.google.com.au/books?id=wQ8d0S8BkEsC&pg=PA83 ''After the golden age: romantic pianism and modern performance''] by Kenneth Hamilton, p.&nbsp;83, [[Oxford University Press]] 2008, ISBN 978-0-19-517826-5</ref><ref>[http://www.mozartpiano.com/articles/liszt.php "Liszt at the Piano"] by Edward Swenson, June 2006</ref><ref>[http://bpkgate.picturemaxx.com/preview.php?IMGID=00009759 ''Franz Liszt, am Flügel phantasierend''] by Stiftung Preußischer Kulturbesitz]]</ref>
 
Op 28 augustus 1827 kaam syn heit oan de gefolgen fan [[búktyfus]] te ferstjerren. Liszt wie doe 16 jier en finânsjeelfinansjeel al selstannichselsstannich. Troch de dea fan heit en dêr oerhinne noch in mislearre ferhâlding mei ien fan syn learlingen, Caroline de Saint-Cricq – bûten harren skuld om – rekke er depressyf en ferlear alle nocht oan de muzyk. Neist dy [[senuwynsinking]] waard er slim siik, mar waard wer better.<ref>Taylor (1986), pp. 17-19</ref> Yn dizze snuorje rekket Liszt yn de ban fan de literatuer, wat in grutte boarne fan ynspiraasje foar him wurde soe (en ek foar neikommende generaasjes komponisten). Teffens ferdjippe er him yngeand yn religy (wat yn 1865 ta syn prysterwijing late). It iennige wat er yn dy tiid komponearre hat, is de ''Grande Fantaisie sur la Tyrolienne'' (1829), in transkripsje fan [[Daniel-François-Esprit Auber|Auber]] syn opera "La Fiancée", dy't opdroegen waard oan Chopin.<ref>Taylor (1986), pp. 17-20.</ref><br />
 
By it útbrekken fan de (Frânske) [[Julyrevolúsje|Revolúsje fan 1830]] kaam de omkear - hy joech him alhiel wer oan de muzyk, as wie er wekker skodde troch it kanonnebulderjen. Boppedat sette de rovolúsjerevolúsje him oan it tinken oer it (destiidske) [[sosjalisme]]. Tusken 1830 en 1832 kaam er yn de kunde mei de grutte nammen út it muzyklibben út dy tiid: Rossini, Bellini, Meyerbeer, Paganini en letter [[Hector Berlioz]], [[Frédéric Chopin]], dy't grutte ynfloed op Liszt as musikus (op poëtysk, lyrysk en firtuoas mêd) hân hawwe. Dêrneist moete er skriuwers, filosofen en oare yntellektuëlen, sa as [[Victor Hugo]] en [[George Sand]].
 
[[Ofbyld:Marie d'Agoult.jpg|thumb|200px|left|Marie d'Agoult, yn 1843 (Parys, Musée Carnavalet)]]
Rigel 27:
Yn [[1847]] krige er by in konsertreis yn [[Ruslân]] kunde oan foarstinne Carolyne zu [[Sayn und Wittgenstein|Sayn-Wittgenstein]] (1819 - Rome, 1890). In houlik koe it net wurde, omdat de [[Roomsk-katolike Tsjerke|katolike tsjerke]] it ûntbinen fan it houlik tusken prinses Carolyne en har man, prins Nicholas zu [[Sayn und Wittgenstein|Sayn-Wittgenstein]] ferbea. Sy hawwe oant yn 1860 besocht om ta in houlik te kommen, mar koene lang om let allinne freonen bliuwe. Yn 1848 festiget er him yn [[Weimar]], dêr’t er al yn 1842 as dirigint (''Hofkapelmeister in ausserordentlichen Diensten'') oantsteld wie; Carolyne folge him dêrhinne.
Liszt waard op 30 oktober [[1859]] troch keizer [[Frans Jozef I fan Eastenryk]] adele as ''Franz Ritter von Liszt''. Dy adelikeadellike titel hat er lykwols neitiid nea brûkt. Yn [[1875]] waard er foarsitter fan de lanlike muzykakademy te [[Boedapest]], de no ferneamde Ferenc Liszt Akademy.
 
== De ein ==
[[Ofbyld:Liszt at piano.jpg|thumb|200px|De âlde Liszt efter de piano. Gravuere fan in foto, makke troch Louis Held, Weimar, 1885]]
Oant it lêste ta reizge Liszt troch Europa. Fuort nei in tige slagge konsertomgong troch Ingelân en Frankryk waard er ferkâlden; rillegau gie dat oer yn in [[longûntstekking]]. It soe net mear oerbetterje. Hy stoar op [[31 julijuly]] [[1886]], dêr't in pear fan syn pupillen by wienen, yn de âldens fan 74 jier te Bayreuth en kaam dêr op 3 augustus te hôf.
 
== Wurk ==
=== Komponist ===
De measte fan Liszts komposysjes binne wreed ferneamd fanwege de hege technyske easken dy't oan de pianist steld wurde. By syn meast bekende wurk heare de "Hongaarske [[Rapsody|rapsodiën]]" (S.244), de [[Transindentale Etúdes]] (S.139), de "Faust-symfony" (S.108), de Pianosonate in b mineur (S.178), de [[Dante Sonate]] (S.158) en de "[[Années de Pèlerinage]]" (S.160 t/m 163). Fan de measte symfonyskesymfoanyske wurken binne mear as ien ferzjes ''fassungen''); yn de konsertpraktyk wurdt meast de lêste ferzje brûkt.
 
Muzykwittenskipper Humphrey Searle hat in list fan Liszt syn wurk gearstald, hy komt op 701 titels: