Linus Torvalds: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 11:
Torvalds sjocht Linux as in hobby; hy hie oant juny 2003 in fulltime baan by [[Transmeta]] en sûnt dy datum by [[OSDL]], no oppgien yn [[The Linux Foundation]]. As immen frege wat hy by Transmeta krekt die, dan wie it antwurd "cool stuff" of gewoan "stuff". Grif sil hy oan in [[compiler]] wurke ha foar in nije [[(sintrale)ferwurkingsienheid]]. Dêrneist mocht hy fan Transmeta ek yn kantoaroeren oan Linux wurkje.
 
Torvalds hie gjin beswier tsjin it skriuwen fan [[propriëtairepropriëtêre programma's]] bij Transmeta. Foar him komt technyk op it earste plak en de iepenheid en frije beskikberheid is foar him allinnich in metoade de programma's better te meitsjen. Hy heart dêrmei ta de pragmatyske ''[[iepen-boarne]]-beweging'' en net ta de ''frije-programmatuer-beweging'' (benammen laat troch [[Richard Stallman]] en it [[GNU]] projekt) dy't it benammen te dwaan is om frijheid.
 
Om by Transmeta wurkje te kinnen ferhuze Torvalds fan syn heitelân nei [[Silicon Valley]]. Mei syn frou Tove Monni hat hy trije bern, dy't hy faak meinimt nei Linux-kongressen. Hy hâldt him meastal ôfsidich fan fûle diskusjes oer programmalisinsjes.