Wintersport: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: ar:رياضات شتوية
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Bot - derby: zh:冬季運動; tekstwiziging
Rigel 6:
Sa wurdt der al ieuwen [[reedriden]] en [[prikslydzje|prikslyde]] om iisflakten makliker oerstekke te kinnen. Nei ferin fan tiid waarden dizze alternative foarmen fan ferfier ek foar rekreative doeleinen brûkt. Sa waarden de eerste koartebaanwedstriiden voor reedriders al om 1800 hinne ferriden en waarden der ek wedstriden foar priksliders hâlden, faak sels letterlik foar spek en beannen.
 
It [[skye|skyen]]n ûntstie yn de Skandinavyske lannen. De skyûntwikkeling om 1860 hinne yn [[Telemark]] yn Noarwegen wurdt sjoen as de berte fan it skyen as sport. Fan dêr waard de sport yntrodusjearre yn de Alpenlannen. Skyen yn Skandinaavje waard ta noardsk-skye; yn de Alpen ûnstie it alpineskyen.
 
De toeristyske wintersport ûntstie foaral yn de Alpen om de rike bûtenlanners te fermeitsjen, [[Sankt Moritz]] yn [[Switserlân]] wurdt sjoen as bertegrûn fan de wintertoerisme ein 19e ieuw. in hoteleigner wist een oantal Ingelske simmergasten te oertsjûgjen ek ris yn de winter te kommen. It wintersporttoerisme is al jierren fan grut belang foar de toeristyske sektor yn de alpenlannen en wurdt al lang net mear allinne dien troch de rike boargers.
Rigel 15:
Wannear't der yn de wintermoannen in goeie froastperioade oanbrekt kin der ek op bûtenwetter riden en slydzge wurde. Dat kin op eigen gelegenheid, mar der kin dan ek meidien wurde oan organiseare toertochten. De ôfstannen fan sa'n toertocht kin fariearje fan 2 oant 200 km. De tochten liede somtiden troch gebieten dy’t oars net as min tagonklik binne.
 
== Terminology ==
=== Natoeriisbaan ===
In natoeriisbaan is in iisbaan mei natuerlik beferzen iis. Dit hâldt al yn dat er allinnich op riden as slydzge wurde kin as it iis sterk genôch is nei in pear dagen fan froast.
Rigel 43:
* [[Iisspeedway]]: iisspeedway is in tûke fan de motorsport dêr't mei motors byop in iisbaan reesd wurdt.
 
* [[Iissile]]: Iissile is in foarm fan silen op beferzen marren. Hjirby wurdt in boat brûkt dêr’t redens ûnder set binne; de boatjes kinne snelheden fan mear as 100 km de oere helje.
 
* [[Koartebaan|Koartebaanriden]]riden : It koartebaanriden is in foarm fan baanriden mei in rjochte baan.
 
* [[Keunstriden]]: It keunstriden is in sport dêr't solisten, pearen en groepen reedriders in ''kuer'' by ride: rotaasjes, sprongen en oare bewegingen op it iis, ornaris útfierd begelaat troch muzyk.
 
* [[Langebaan|Langebaanriden]]riden: It langebaanriden is in foarm fan baanriden dêr’t in baan yn omgongen by riden wurdt. It langebaanriden wurdt dien op in iisbaan fan 400 meter. Binnen it langebaanriden binne der ferskate foarmen mei elts har eigen ôfstannen. De sprint bestiet út de 500 en 1000 meter. De middenôfstân de 1500 en de langere ôfstannen 3000, 5000 en 10.000 meter. De kombinaasje fan dy ôfstannen wurdt "oer-alles" neamd; hjirby wurdt fan alle ferriden ôfstannen in klassemint opsteld dêr't alle ôfstannen likke swier by meitelle. Dêrnêst is der noch de ploechefterfolging.
 
* [[Maratonriden]]: Maratonriden is in foarm fan groepstart reedriden, oer grutte ôfstân, riden yn omgongen op keunstiis, of yn omgongen of tochten op natueriis. De bekendste maratonwedstriid fan Nederlân is de [[Alvestêdetocht]], in tocht fan ien omgong fan 200 km, dy't allinnich riden wurde kin as it iis op gâns de rûte sterk genôch is.
 
* [[Prikslydzje]]: Prikslydzje is it slydzjen oer it iis, mei in prikslide.
 
* [[Pronkriden]]: By it pronkriden giet it der om, om pearsgewiis in sa moai mooglike ridersslach sjen te litten.
Rigel 59:
* [[Shorttrack]]: Shorttrack is in groepstart-foarm fan it reedriden. Der wurdt riden op in ovale baan fan 111,12 meter lang, meast mei 4 oant 6 dielnimmers tagelyk. Letterlik betsjut de namme “Koartebaan”, mar it is net deselde sport as it koartebaan fan it baanriden.
 
== Sjoch ek ==
{{Commonscat|Winter sports|Wintersport}}
 
 
[[Kategory:Wintersport| ]]
Line 96 ⟶ 95:
[[tr:Kış sporları]]
[[uk:Зимові види спорту]]
[[zh:冬季運動]]