Achilles: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oansetsje
 
L stikje red., lykwols net dien
Rigel 1:
'''Achilles''' ([[Latyn]]) of '''Achilleus''' ([[Aldgryksk]]: Ἀχιλλεύς is in figuer út de [[Grykske mytology]]. Hy is de belangrykste held út de [[Trojaanske Oarloch]] en haadpersoan fan [[Homêros]] syn boek, ''Ilias''. Homêros beskriuwt him as de kreaste, de dapperste, sterkste en ferhevenste fan alle helden. Yn lettere leginden fan [[Statius]] wurdt beskreaun dat Achilles allinnich yn syn hielhakke kwetsber wie. Dat soe ek syn dea wurde, doe't hy troch in giftige pyl yn syn hielhakke ferwûn rekke waard. De term 'Achilles hielhakke' hat sadwaande de betsjutting krigen fan ynimmen syn swakke punt. Hy

Achilles wie de soan fan [[Peleus]], kening fan de [[Myrmidonen]] yn it Grykske [[Tessalje]], en de [[Nereïden|Nereïde]] [[Tetis (mytology)|Thetis]], de dochter fan [[Nereus]], de pakesizzer fan [[Aeacus|Aiakos]] (Aeacus) en dêrtroch in ôfstammeling fan [[Zeus]].
 
Achilles wie stjerlik mar troch syn mem ûnkwetsber makke mei útsûndering fan in lyts stikje fan syn lea, nammentlik syn hiel dêr't syn mem him fêsthâlde doe't sy him ûnderdompele yn de [[Styks]] (rivier yn Hades, de ûnderwrâld). De Styks ferline elkenien dy't dêryn baaie ûnkwetsberens. Hy rekke belutsen yn de Trojaanske oarloch troch in rúzje mei Agamemnon, foaroanman fan de Griken, oer in faam Briseis. Ut wrok frege hy syn mem om de goden te bewegen de Trojanen stipe te jaan, mar dat late úteinlik ta de dea fan syn bêste freon [[Patroklus]]. Dêrop deade hy de Trojaanske held [[Hektor]] mar syn hiel soe him needlottige wurde doe hy dêr troffen waard troch in pyl fan de held [[Paris]] en stoar.