Ynternet: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Rigel 2:
 
== Netwurken ==
In fysyk kompjûternetwurk is meast beheind ta in gebiet of organisaasje. It systeem fan ûnderlinge kommunikaasje tusken kompjûters[[rekkenreau|rekkenreauwen]] yn sa'n beheind netwurk wurdt ek wol [[yntranet]] neamd. Fanút geandewei mear yntranetwurken is der ek tagong ta it ynternet mooglik, wylst der ek in tendins is dat guon siden op it [[wrâld-wiid-web]] (''www'') allinne foar persoanen of organisaasjes tagonklik binne dy't dêr spesjaal foar machtige binne.
 
Wat yn it spraakgebrûk as "it ynternet" oantsjutten wurdt is in grut iepenbier kompjûternetwurk, in netwurk fan netwurken, dêr't by de ôfspraken besteane út ''Requests For Comments'' (''Fersiken om oanmerkings''), beheard troch de ''Internet Engineering Task Force''. Der is feitlik gjin eigner fan it ynternet.