Ferskil tusken ferzjes fan "Jacqueline van der Waals"

oanf. fan nl:
(zie foto van het graf: http://www.studiokoning.nl/Foto_24/Graven_bekende_Amsterdammers.html : 29-4-1922)
(oanf. fan nl:)
{{stobbe|literatuer}}
 
'''Jacqueline Elisabeth van der Waals''' ([[Den Haach]], [[26 juny]] [[1868]] – [[Amsterdam]], [[29 april]] [[1922]]) wie in [[Nederlân]]ske [[dichter|dichteres]], [[skriuwster]], [[oersetting|oersetster]] en [[learares]].
 
== Komôf en wurkpaad ==
Hja wie in dochter fan de wrâldferneamde natuerkundige [[Johannes Diderik van der Waals|J.D. van der Waals]]. Hy wie [[Nobelpriis]]winner en de [[Vanderwaalskrêft]] is nei him neamd. Jacqueline van der Waals helle de [[HBS]] en studearre thús foar de helpakte foar it ûnderwiis en de [[Mo-leararenoplieding|M.O.-akte]] foar [[skiednis]]. Se wie learares yn [[Doorn (Utert)|Doorn]], [[Bloemendaal (Noard-Hollân)|Bloemendaal]] en [[Amsterdam]].
 
Dêrneist sette hja oer út ûnder oaren de [[Skandinaavje|Skandinavyske]] talen en skreau [[essay]]s oer [[Søren Kierkegaard]], [[Henrik Ibsen]] en [[Selma Lagerlöf]]. Gedichten skreau hja yn it earstoan ûnder it [[pseudonym]] ''Una Ex Vocibus'' (Latyn voor 'Ien fan de stimmen'). De begjinletters dêrfan binne itselde as dy fan Ursule Eleonora Velt, de haadpersoan fan har [[autobiografy|autobiografyske]] [[roman (literatuer)|roman]] ''Noortje Velt'' ([[1907]]).
 
Van der Waals mocht graach [[tennisje]], [[reedride]], kuierje en berchbeklimme, aktiviteiten dy't yn har gedichten weromkomme. Teffens die hja mei oan stúdzjegroepen dêr't hja filosofen as [[Søren Kierkegaard|Kierkegaard]] en [[Friedrich Nietzsche|Nietzsche]] bespriek.
 
==Tema's==
 
* de natuer. Hja ropt in protte gefoelens op, lykas yntins lok, mar dêrtroch tagelyk ek drôvens en weemoed.
* [[God (kristendom)|God]], yn har gedichten en bygelyks de oersetting "Zegen ons Algoede".
* de dea. Somtiids langet se dêrnei, mar hja pleecht gjin selsmoard: sy kiest foar it libben.