Molkwar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
ôfbyld der by
L red. [[]]
Rigel 16:
Molkwar wie fan âlds in wichtich seefardersplak. Troch de soad ynternasjonale handel hie Molkwar krekt as [[Hylpen]] in eigen [[kultuer]] opboud mei in eigen taal, [[dracht (klean)|dracht]] en [[skilderkeunst]].
 
It doarp wie om twa redenen yn de [[17e ieu|17e]] en [[18e ieu]] om tweatwa saken rûnom bekend yn Fryslân, mar ek bûten de provinsjegrinzen.
 
Alderearst waard der in dialekt sprutsen dat, mei it dialekt fan Hylpen beskôge waard as it ‘echte’ Frysk. Beide dialekten hienen skaaimerken fan it âld-Frysk[[Aldfrysk. Der binne beskriuwings fan bûtenlanners dy't ûnder oare om de taal te hearren, reizen makken nei Hylpen en Molkwar.
 
Fierders wie it [[Arsjipeldoarp|doarp]] boud op acht pôlen, troch wetter fan inoar skieden. De eilantsjes hienen de nammen: Sorke Pol, Katte Pol, Hoeunde Pol, Wester-Ich, Eester-Ich, Grimspol as Arjenspol, De Pol ek wol Wiebrenmantjes Pol as De Tooenen en de Jaaxme Fonne Pol. Middels brechjes en planken ûnderhâlden de doarpsbewenners harren ûnderlinge kontakten. It ferhaal giet dat frjemdlingen der maklik ferdwaalden. Troch syn protte kanaaltsjes, der wienen mear kanalen as strjitten, en de 27 brêgen yn it doarp waard Molkwar ek wol it Feneetsje fan it Noarden neamd.
Rigel 24:
Ek wie Molkwar ferneamd om syn handel yn swanne-pikelfleis, wat werom te finen is yn it doarpswapen, it wite swan.
 
Yn 'e 17e ieu wennen der san 1500 minsken yn Molkwar op deselde kante meters grûn as wêr't no sa'n 300 minsken wenje. Yn dy tiid farden de Molkwarders mei fluitskippen[[fluitskip]]pen op de [[Sont]], in wetter tusken Denemark en Sweden om dêr hannel te driuwen. In hiel grut persintaazje fan wat der hinne farde út Nederlân wei, kaam út Molkwar. It doarp hie sels in eigen kantoar yn Amsterdam. Ek wienen der trije [[mennisten|menniste]] tsjerken te finen yn't doarp en ek noch in herfoarme. Ein 17e ieu begjin 18e gie de hannel efterút en in soart minsken brieken harren huzen ôf en gienen nei Hylpen ta te wenjen. Sa gie it hurd efterút mei de flekke, oan't der yn 1850 noch mar 80 minsken wennen. Doe wiene de minsken der meast al fisker op de Sudersee as boer as boerefeint. De Staverse jollen hienen in prachtich plakje yn de kom by de Molkwarder syl (slús), wêrtroch't sij moai nei binnen en bûten farre koenen. Yn elts geval trjoch de de tiid hinne fan ein 1700 ôf waarden der in protte karakteristike huzen sloopt en sleatten tichtsmiten, mar wa't no noch troch it doarp rint, sjocht noch altyd wol wat fan de ûnregelmjittige dorpsplanning. Molkwar waard troch dy nuveraardige lizzing fan huzen eartiids ek wol it ‘Fryske doalhôf’ neamd.
 
== Mienskip ==