Reinder van Kleffens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red.
L red. [[]]
Rigel 1:
'''Reinder van Kleffens''', ( [[Dokkum]] [[29 maaie]] [[1760]] - dêre, [[5 febrewaris]] [[1838]] ), wie in ûndernimmer, [[boargemaster]] en provinsjaal bestjoerder.
 
== Libben en wurk ==
Hy wie de soan fan Eelke Klases van Kleffens en Sjoerdje Ynses Faber. Hy ferlear syn heit opdoe't er 10-jierrige leeftiidjier wie. De drokke saken fan syn heit, [[stienfabryk]], [[sâltsiederij]], izerhannel, waarden doe beheard troch syn sweager [[Johannes Fockema]]. Sadree't Reinder genôch middelber ûnderwiis folge hie, kaam hy yn dizze saken en soe dat oant hege âlderdom dwaan bliuwe. Hy waard al 11 desimber [[1780]] lid fan de froedskip fan syn bertestêd en waard net lang dêrnei troch de stêd Dokkum kommitteard yn de Fryske Steaten. Hy wie in waarm [[Patriotten|patriot]] en ien fan de ûndertekeners fan it manifest fan [[3 septimber]] [[1787]], wêrby't in minderheid fan de Steaten him ôfskiede. Der waard besluten om yn Frjentsjer te fergaderjen, mar doe't koart dêrnei it Pruisyske ynleger yn it lân ferskynde, flechten hy en syn meistanners, foar safier't se net finzen nommen waarden, nei it bûtenlân. Earst nei de Súdlike Nederlannen en doe nei [[Sint-Omaars]] yn Frankryk. Hy waard [[28 novimber]] [[1787]] mei [[Court Lambertus fan Beyma]], A.J.C. de Bere en A. van Boelens foar it [[Hof fan Fryslân]] yndage. Se waarden yn 1788 feroardield ta ferbanning en ynbeslachnimming fan harren guod.
 
Yn 1790 fêstiget hy him mei fergunning fan de Steaten fan Oerisel yn [[Kampen]]. ( Vitringa, Gedenkschrift, Arnhim 1857).
 
Nei de omkear oan it begjin fan 1795 waard syn feroardieljend fûnnis neatich ferklearre en by 19 febrewaris oanwiisd as lid fan it provisjoneel bestjoer fan Fryslân. De oare deis waard hy keazen ta ien fan de trije leden fan de [[rekkenkeamer]] fan Fryslân. Op 23 maart waard hy lid fan it komitee foar de saken fan it algemien bûnsgenoatskip fan it lân en 16 july dêrnei waard hy ûnder ûntslach keazen ta ûntfanger-generaal fan de floreenrinten; dizzedy beneaming waard de 30e dêrnei ynlutsen, sadat hy lid fan neamd komitee bleau. Hy wie hjirfoar meastentiids yn Hollân, en hoewol't hy reedlik patriot wie, bleau hy yn dy betrekking doe't Fryslân kommunistysk waard, oant 2 augustus 1797. Doe waard hy yn it distrikt Dokkum keazen as lid fan de Nasjonale gearkomst.
 
Hy waard yn septimber 1797 troch syn meileden ta lid fan de kommisje foar Binnenlânske korrespondinsje beneamd. Om syn reedlike begjinsels waard hy mei 27 fan syn meileden by de steatsgreep fan 22 jannewaris 1798 finzen nomd, en in pear dagen op de Voorpoort, 3 febrewaris op it Hûs De Bosk opsluten. Nei de twadde steatsgreep fan 12 juny 1798 waard hy de 14e july dêrop frijlitten.
 
Hy waard koart dêrnei beneamd as kommisjelid fan administraasje fan de Finansjen fan Fryslân. Tagelyk waard er belêste mei it tafersjoch op de boargerwapening en op de opbringst fan de belestingen. Hy gie nei [[Moarrewâld]], gemeente Dantumadiel, te wenjen en waard dêr yn 1800 âlderling en yn 1801 lid fan de kommisje foar tsjerklike saken yn Fryslân.
 
Yn 1806 gie hy werom nei Dokkum en waard (dêr yn 1820 lid fan de ried, yn 1822 ien fan de twa boargemasters en yn 1824 de ienige boargemaster. Yn 1837 waard him, op eigen fersyk, ûntslach ferliend. Hy wie net-troud.