Ferskil tusken ferzjes fan "Will Eisner"

gjin bewurkingsgearfetting
L (Bot - derby: nl:Will Eisner)
Yn de fyftiger jierren waard Eisner ferneamd as tekener fan rige ''The Spirit'', dy't alle wiken as krantebylage fan acht siden ferskynde en hannele oer in superheld sûnder spesjale jeften. De maskerde held dy't syn haadkertier hat ûnder de grêfstien fan Denny Colt (syn eigentlike idintiteit) belibbet tsjustere aventoeren yn de stêd (basearre op foarfallen út Eiser syn eigen jeugd yn de Joadske wyk fan New York). De rige hie in sterke wikselwurking mei en ynfloed op de tsjustere (''"film noir"'') films út dy tiid. De rige befettet neist geweld en drama, in soad humor - sawol subtyl as hiel plat. De held wurdt delsketten, yn elkoar slein, wit betiden net wat er sizze moat en rekket betize troch de bysûndere froulju dy't er tsjinkomt.
 
Ynspirearre troch it wurk fan [[Robert Crumb]], makke Eisner yn [[1970]] ''A Contract with God'' ("In kontrakt mei God"), dêr't hy it alledeiske libben fan de earme, faak Joadske, ymmigranten fan de [[Bronx]] yn New York beskriuwd. Yn sobere swart-wit yllustraasjes wurde tema's beskreaun as dea, fertriet, leauwen en seksuele gefoelens dy't in ferbûke byld jouwe fan harren libbens en gedachten. De rige is ek op in oare wize bysûnder om't de earste strip wie dy't yn de foarm fan in roman (''graphic novel'') ferskynde.
 
Eisner fersotar yn [[Fort Lauderdale]] ([[FS]]) as gefolch fan komplikaasjes fan in hertoperaasje op 3 jannearis 2005.
19.975

bewurkings