Madrid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ch:Madrid
útwreide mei ynfo fan nl
Rigel 3:
 
Troch de sintrale lizzing fan de stêd, de skiednis, politike en finansjele funksjes wurdt Madrid beskôge as de wichtichste stêd fan it [[Ibearysk Skiereilân]]. De stêd hat in ynwennertal fan 3.228.359 en mei de stêdekloft derom himme wenje der mear as 6 miljoen minsken. De ynwenners fan de stêd wurde yn it Spaansk “Madrileños” neamd. Nettsjinsteande it feit dat de stêd as in wrâldstêd sjoen wurde kin, mei in tige drok ferkearsnet hat, hawwe de measte wiken fan de stêd harren oarspronklike sfear diels behâlde kind.
 
Wichtige nijsgjirrichheden yn Madrid binne it [[Keninklik Paleis fan Madrid|Palacio Real]], oftewol it keninklik Paleis, it [[Parque del Buen Retiro|Retiropark]], it archeologisch museum, en trije ynternasjonal ferneamde befaamde kunstmusea: it [[Museo del Prado]], it [[Museo Nacional Centro de Arte Reina Sofía]] en it [[Museo Thyssen-Bornemisza]]. De hjoeddeiske boargemaster fan de stêd is Alberto Ruiz Gallardón fan de politike partij [[Partido Popular (Spanje)|Partido Popular]].
 
== Skiednis ==
Madrid waard foar it earst yn de skiednis neamd yn [[939]] doe't [[Ramiro II]], kening fan Leon, de [[Moaren]] harren wenplak (Marjit) ôfhandich makken. Yn [[1038]] folge it foarfêst ferdriuwen fan de Moaren troch kening [[Alfonso VI]] út de krite. [[Filips II fan Spanje|Filips II]] makke Madrit yn [[1561]] haadstêd fan it Spanje en brocht syn hofhâlding oer út Toledo. Yn de [[Spaanske suksesjeoarloch]] keas de stêd de side fan de [[Bourbons]]. Op [[2 maaie]] [[1808]] kaam de befolking yn opstân tsjin de [[Frankryk|Frânske]] troepen ûnder [[Murat]] en joech dêrmei it sein ta it ferset tsjin de [[Napoleon|Napolitaanske]] oerhearsking. De opstân waard op 3 maaie bluodderich delslein.
 
Yn de tweintiger jierren fan de [[20e ieu]] waakse it ynwennertal fan Madrid boppe de 1 miljoen minsken. Mânske stêdsútwreiding wie noadich wêrtroch eardere doarpen as Carabanchel, Chamartín de la Rosa, Fuencarral en Vicálvaro oan de stêd 'fêstboud' kamen te sitten. Ek waard der in grut tal nij wiken konstruearre. Tagelyk waard de ferkearslachieder Gran Vía iepene, dy't it ferkear yn de binnenstêd ûnlêste moast en ek waard de [[metro fan Madrid]] oanlein. Under de [[Spaanske Boargeroarloch]] waard de stêd swier bombardearre en besketten troch de troepen fan [[Francisco Franco|Franco]].
 
Op [[11 maart]] [[2004]] waard Madrid troch in terroristyske oanslach troffen. Dy dei ûntploften ferskillende treinbommen yn de moarnespits. Mear as 190 minsken kamen by dy oanslach om it libben en 1700 rekken dêrby ferwûn.
 
== Geografy ==
Line 8 ⟶ 17:
Madrid leit yn it sintrum fan it Ibearysk Skiereilân, tusken de twa [[Autonome mienskippen fan Spanje|autonome regio’s]]: [[Kastylje-La Mancha]] en [[Kastylje en Leon]].
De stêd leit op in hichte fan 667 meter boppe seenivo, wat in grutte ynfloed op it klimaat hat. De rivier Manzanares streamt de stêd binnen troch de bosken fan it distrikt “Casa del Campo”, en snijt ûnder oare troch de stêdsdistrikten Latina, Carabanchel en it sintrum fan Madrid.
 
=== Klimaat ===
[[Ofbyld:Clima Madrid-Barajas (España).PNG|right|212px|thumb|Klimaatgrafyk fan Madrid]]
 
De regio Madrid hat in [[mediterraansk klimaat]] mei kontinintale ynfloeden, mei waarme simmers en betreklik kâlde winters. Dêr moat by sein wurde dat Madrid klimatologysk bot ôfwykt fan it Spaanske [[Middellânske See|Middellânske Seegebiet]], bygelyks mei Barselona of Falensia. It klimaat hat mear wei fan dat fan de stêden Sevilla of Kordoba, de winters binne foar Spaanske begripen kâld, mei minimum temperatueren ûnder it friespunt en út en troch snie, en de simmers binne ekstreem hiet. De hiele moannen july en augustus daalt de temperatuer sawat net ûnder de 30 graden en stiget geregeld ta 40 graden Celsius. Troch de hege lizzing fan de stêd, sawat 700 meter boppe seenivo, en it skrokke klimaat, daalt de temperatuer nachts meastentiids wol, yn tsjinstelling mei it Middellânske Seegebiet. It delslachsifer is leech, dochs falt der wolle alle seizoenen rein.
 
== Nijsgjirrichheden ==