Afûk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Mysha (oerlis | bydragen)
L Ik haw de Fryske akademy leger op de side delsetten, om in skiedniseftich blokje te meitsjen.
Rigel 1:
De '''Afûk''' is in kulturele ynstelling yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] mei in ferskaat oan taken en projekten. De ynstelling bestiet sûnt [[1924]].

De meast yn it each rinnende funksje fan de Afûk is dy fan boekhannel. De Afûk ferkeapet benammen boeken op it mêd fan de Fryske taal en kultuer en hat ek in lyts oanbod fan cd's.
 
De Afûk is ek útjouwer. Alle jierren wurde tsientallen boeken útbrocht. Dêrûnder binne in soad learmiddels oer de Fryske taal, kultuer en skiednis, mar ek Frysktalige romans en berneboeken. De Afûk is ek útjouwer fan it opinyblêd [[De Moanne]] en it ûnderwiistydskrift [[De Pompeblêden]].
Line 13 ⟶ 15:
Oare projekten dêr't de Afûk oan meiwurket of meiwurke hat binne it digitale faklokaal Frysk op ynternet, it foarljochtingsprojekt [[Tomke]] oer it meartalich grutbringen fan bern en yn gearwurking mei [[Omrop Fryslân]] oan de tillevyzjetaalkwis [[Tûkelteammen]].
 
De namme ''Afûk'' wie oarspronklik de ôfkoarting fan ''Algemiene Fryske UnderrjochtKommisje''. Mei it tanimmen fan it tal fan funksjes is de ôfkoarting in namme wurden. Yn [[1938]] hat de [[Fryske Akademy]] him as in selsstannige organisaasje fan de Afûk losmakke.
 
==Ekterne ferwizings==