Ferskil tusken ferzjes fan "Laaksum"

9 bytes grutter ,  14 jier lyn
bot as fisk
(bot as fisk)
Fan de fiskerij is yn Laaksum nei it ôfsluten fan de [[Sudersee]] suver neat mear oer. Allinne it gebou dêr't earder de [[hearring]] sâlte en rikke waard, [[bokkenhang|de Hang]] neamd, is noch as boufal oanwêzich. Oant krekt nei de [[Twadde Wrâldkriich]] waard dêr alle dagen skrept om de moarns oanfierde hearring jûns op'e tiid op de trein yn [[Starum]] te krijen. De fisk waard as [[Lemster bokken]] meast ferkocht nei [[Dútslân]].
 
De Laaksumers hawwe net altyd hearringfiskers west: om [[1500]] hinne stie Laaksum bekend fanwege de û[[bot (Fisk)|botfiskerij]] en yn de [[17e ieu]] fanwege de [[iel|ielfiskerij]]. Nei it oanlizzen fan de [[Ofslútdyk]] hawwe guon fiskers it noch in skoft besocht mei de ielfiskerij, mar dat wie gjin fetpot. Sa stadich oan binne se ien foar ien stoppe.
 
It havenstsje fan Laaksum spilet tsjintwurdich in beskieden rol yn it wettertoerisme, al hawwe de Laaksumers it leafst hurde wyn fan see: dan is der rêst yn it havenstsje fan Laaksum.
6.806

bewurkings