Dream: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
L stikje red., it is oars folslein ôfwaaid praat!!
Rigel 2:
In '''dream''' is de samling fan [[byld]]en, [[lûd]]en, [[gedachte]]n en [[gefoel]]ens dy't immen ûnderfynt, as hy of sy [[sliep]]t. Dreamen komme benammen foar yn de [[remsliep]]. Wat in dream is en wêr't it krekt goed foar is, is net bekend, al binne der wol fermoedens. Sa hat bliken dien dat der faak dreamd wurdt oer dingen dy't men oerdei meimakke hat. Dat wurdt de [[deirêst]] neamd. Dreamen soenen helpe de barrens te ferwurkjen.
 
Yn it ferline waarden dreamen sjoen as boadskippen fan de goaden en waard in foarsizzende funskjefunksje oan de dreamen taskreaun. Om de ferskate dreamsymboalen te analysearjen, wienen der [[dreamtsjutter]]s en [[dreamboek]]en. Yn de [[Bibel]] binne dêrfan ferskillende foarbylden te finen.
 
Yn in [[luside dream]] iswit de dreamer him bewust fan it feit dat er dreamt.
 
== Dreamen as foarm fan ferkringing ==
[[Ofbyld:Henri Rousseau 005.jpg|thumbnail|right|260px|''De Dream'' fan [[Henri Rousseau]], 1910]]
Yn it boek ''die Traumdeutung'' (earste printinge [[1900]], wersjoenefannijs besjoene achtste printinge [[desimber]] [[1929]]) beluts [[Sigmund Freud]] de dream by syn fyzje op de [[psychoanalyze]]. It wurk giet dus út fan wat Freud it [[ûnbewuste]] neamde.
 
[[Freud]] sei sels oer dit boek: ''[[De Dreamtsjutting]] is yn werklikheid de keninklike wei nei it [[ûnbewuste]], de feilichste basis foar [[psychoanalyze]].'' ([[Dútsk]]: ''Die Traumdeutung ist in Wirklichkeit die Via regia zum Unbewussten, die sicherste Grundlage der Psychoanalyse'').
 
Yn de sliep is de bewustwêzensgraad sterk fermindere. De wjerstân is net hielendal opheft, mar syn krêft is ferswakke. De [[Ferkringing (psychology)|ferkrongen]] psychyske ynhâlden krije yn de dream in ûnwerkenbere fermomming wêrtroch't se de ''sensors'' útskeakelje kinne. Dreamen binne dus substitútbefredigingen fan ferkrongen kompleksen. Dreamen hawwe dus in geheime kant, de latinte dreamynhâld dy't ferklearre wurde moat, ''dreamtsjuting''.