Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Movses-bot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: eu:Katarismo
L stikje red.
Rigel 1:
[[Ofbyld:Cathar cross.svg|thumb|right|170px|It Kataarske Krús]]
De term Kataar komt fan it [[Gryksk]]e wurd ''Katharos'' wat 'skjin' betsjut. De '''Kataren''' wienen in groep oanhingers fan in [[kristendom|Kristlike]] [[Gnostisisme|gnostyske]] beweging, dy't him tusken de 11e en de 14 ieu foaral yn Súd-[[Frankryk]], [[Itaalje]], [[Spanje]] en [[Dútslân]] útwreide hie. Faak wurdt yn plak fan de Kataren ek wol de namme Albiginzers brûkt, dat in ferwizing is nei de Súd-Frânske stêd [[Alby]], eartiids in bolwurk fan it Katarisme. De Kataren binne troch in bloedige [[krústocht]] útmoarde.
 
== Learstellings ==
Rigel 11:
De Kataren beskôgen harren sels as de wiere kristlike tsjerke. [[Jezus Kristus]] hat in sintrale rol spile yn harren leauwen. Foar harren is Kristus as de echte soan fan God nei de stoflike wrâld stjoerd om dêr de spirituele ferlossing te ferkundigjen. De Kataren leauden yn it [[Nije Testamint]] en dan foaral it [[Jehannes (evangeelje)|evangeelje fan Johannes]].
 
De Kataren brûkten ek de [[bibel]] ek, mar leinen dat oars út as bygelyks de Katolike tsjerke. Wat sy foaral hiel wichtich fûnen wie it idee dat de geast sterker wêze moast as it fleis. Hja wienen fan betinken dat as minsken it goeie paad folgen en in goed minske wienen se fan de boaze wrâld nei de himel gean koenen.
 
De Kataren binne yn twa groepen ferdield, de gewoane leauwers en de perfekten (sjoch ûnderoan dizze side). Mei it oanfarden fan de Konsalamentum in soart [[Sakramint]] wat troch hânoplizzing ûntfongen wurde koe, krige men de status fan Perfectus.
Rigel 41:
 
[[Kategory:Kristendom]]
[[Kategory:Religy]]'
[[Kategory:Skiednis fan Frankryk]]
 
{{Link FA|af}}