Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
AvicBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - oars: az:Erməni soyqırımı iddiası
spasy
Rigel 10:
|[[Ofbyld:NY Times Armenian genocide.jpg|thumb|260px|Krantekop New York Times op 15 desimber 1915.]]
|}
De '''Armeenske Genoside''' ([[Armeensk]]: Հայոց Ցեղասպանություն, transliteraasje: ''Hayoc’ C’eġaspanout’youn''; [[Turksk]]: ''Ermeni Soykırımı'' en ''Ermeni Kıyımı'')— ek bekend as de '''Armeenske Holocaust''' en by [[Armeenjers]] as de '''Grutte Misdied''' (Մեծ Եղեռն, ''Mec Yeġeṙn'') of '''Armeenske Kwestje'''— ferwiist nei de mei opset sin en systematyske ferneatiging fan de Armeenske befolking fan it [[Ottomaanske Ryk]] yn en krekt nei de [[Earste Wrâldkriich]] yn de tiid fan it rezjym fan de [[Jonge Turken]] .
 
Der waard op grutte skaal moarde en deportearre. By de deportaasjes waarden minsken twongen ta lange marsen ûnder sokke strieminne omstannichheden dat it wol útrinne moast op in soad deaden. It totaal oantal Armeenske deaden wie ien oant oardel miljoen, dêr binne de measten it oer iens. Yn dy tiid waarden oare etnyske groepen, sa as [[Assyrjers]] en [[Griken]], op in te ferlykjen wize oanfallen troch it Ottomaanske Ryk. Guon gelearden tinke dat dat part wie fan deselde ferdylgingspolityk. Lykwols wol Turkije formeel neat witte fan genoside en ferset him tsjin ynternasjonale erkenning dêrfan.