Slach by Warns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 28:
Wylst Beaumont goed oan lân kaam en al gau by it kleaster wie, rûn it mei Fan Henegouwen in stik minder goed. Hy soe mei syn mannen fan de oare kant ôf nei Starum komme. It ferlitten [[Laaksum]] waard yn'e brân stutsen, krekt lykas Warns. Dy fan Laaksum en Warns soene wol yn Starum wêze, moat Willem tocht hawwe. Mar ynienen wiene de Warnsers oeral en foelen de ridders yn harren harnassen, dy't sa sûnder hynders mear lêst as gemak wiene, oan. Werom nei Laaksum koe net, dêr wie't ek ynienen allegear folk. Der wie noch mar ien útwei, mar dat bliek de 'Ferkearde wei' te wêzen. Dy late net nei Starum, mar it moeras yn, rjochting it Reaklif. In soad soldaten kamen om, ek Greve Willem.
 
Doe't de mannen fan Beaumont it hearden, rekken se yn panyk en besochten mei de boaten wer nei de oare kant fan de [[Sudersee]] te flechtsjen. Dat slagge úteinlik mar in lyts ploechje.
 
==Betinking==