Akbar de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L stikje red., mar net dien..
Rigel 1:
[[Ofbyld:Akbar1.jpg|thumb|''Akbar'']]
[[Ofbyld:Akbar as a boy.jpg|thumb|''Akbar as ûngefear fyftjinjierrige'']]
'''Akbar de Grutte''' (''Akbar-e-Azam''), berne as '''Jalaluddin Muhammad Akbár''' ([[14 oktober]] [[1542]] – [[27 oktober]] [[1605]]) wie hearsker oer it [[MogoelrykMogolryk]] fan [[1556]] oant syn dea yn 1605. Hy wurdt beskôge as de grutste fan de MogoelkeizersMogolkeizers.
 
== Algemien ==
Akbar waard berne yn [[Umarkot]] yn [[Sind]]. Syn heit [[Humayun]] wie fan de Yndiaaske troan stjitten troch de [[Afganistan|Afgaanske]] fjildhear [[Sher Sjah]]. Nei in ballingskip fan mear as tolve jier werovereferovere Humayun it keningskip op'en nij. Yn 1556 folge Akbar syn heit op. Omdat hy noch mar 14 jier âld wie, tredewaard [[Bairam Khan]] oan as regint. Yn [[1560]] naam Akbar by proklamaasje de werklike macht oer.
 
Op it moment dat Akbar oantrede, hie hy mar in gedielte fan it eardere ryk ûnder syn kontrole. Hy wreide it Mogoelryk tige út mei ûnder oare [[Malwa]], [[Gujarat]], [[Bengalen (gebiet)|Bengalen]], [[Kabul (provinsje)|Kaboel]], [[Jammu en Kasjmir (gebiet)|Kasjmir]] en [[Kandes]].
Rigel 15:
Ien fan de dingen dy't keizer Akbar bysûnder makke, wie syn godstsjinstpolityk. Fan in hearsker ôfkomstich út in islamityske dynasty waard ferwachte dat hy sels moslim wêze soe en yn syn ryk de posysje fan de islam stypje soe. Mar al yn it njoggende jier fan syn regearing skafte hy de ''[[jizya]]'' ôf, de belesting dy't de mearderheid fan net-moslims yn syn ryk betelje moast.
 
Yn 1575 liet hy yn Fatehpur Sikry it ''Ibadat Khanna'' (Hûs fan oanbidding) bouwe. Dêr noege hy de soennityske [[moslimgelearde]]n út om mei him te oerlizzen oer de wetten dy't yn syn ryk jilde soene. Omdat hy argewaasje hie om it spul oer lytse saken, noege hy binnen in jier ek sjiityske moslimgelearden út foar oerlis. Noch letter waarden hindoeïstyske, boeddistyske, jainistyske, soroastryske en kristlike gelearden útnoege oan oan it oerlis diel te nimmen. De kristengelearden wienen rooms-katolike jezuïten kommend út de lytse Portegeeske koloanje [[Old Goa|Goa]]. De oansjenlikste fan harren wie Jerome Ksaverius (1549-1617), in neef fan de bekendeferneamde [[Fransiskus Ksaverius]] (1506-1552).
 
Omdat hy graach witte woe wat der yn de hillige geskriften fan de oare religys stieseine, joech hy opdracht de [[Atharva Veda]], ienin fan de hilligehillich boekenboek fan it hindoeïsme, oer te setten. NochWer letter joech hy opdracht om de [[Bibel]] oer te setten.
 
Akbar boude syn belied fan religieuze tolerânsje geandewei hieltiten fierder út. Yn 1593-1594 joech hy ek de joaden en kristenen it rjocht yn syn ryk harren godstsjinst te belieden en religieuze gebouwen te bouwen. De oaren yn syn ryk hiene dat rjocht al.