Jeanne d'Arc: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ilo:Juana ti Arko
L stikje red. oars net
Rigel 3:
[[Ofbyld:Jeanne d'Arc à Chinon.JPG|thumb|''Muorrekleed yn it [[Kastiel fan Chinon]]. Jeanne d'Arc werkent de kroanprins.'']]
[[Ofbyld:JoanOfArcLarge.jpeg|thumb|''Skilderij fan Jeanne d'Arc, [[Jules Bastien-Lepage]], 1879'']]
[[Ofbyld:Guerre de cent ans (1435).svg|thumb|''Kaart fan Frankryk mei yn't felreadgleonread de gebieten yn Ingelske hannen'']]
'''Jeanne d' Arc''', ek: '''Joan of Arc''', berne as '''Jehanne d'Arc''', ([[Domrémy]], [[Lotaringen]],[[6 jannewaris]]? ± [[1412]] – [[Rouen]], ([[Normandje]]), [[30 maaie]] [[1431]] ) waard ek de '''Faam fan Orleans''' neamd, is in nasjonale heldinne fan [[Frankryk]]. Se waard yn [[1909]] [[sillichferklearring|sillich]] en yn [[1920]] [[hillichferklearring|hillich]] ferklearre troch de [[Roomsk-Katolike tsjerke]].
 
Jeanne waard berne yn de [[Hûndertjierrige Oarloch]] tusken [[Ingelân]] en Frankryk. Ingelân besette mei help fan bûnsmaten, de [[Hartochdom Boergonje|Boergonjers]], it noarden fan it lân. Frankryk hie nei de dea fan [[Karel VI fan Frankryk|Karel VI]] (''de Dwylsinnige'') yn [[1422]] gjin kening, en de troanopfolger (de ''[[Dauphin (kroanprins)|dauphin'']]) wie te [[apaytysk]] om striid te leverjen foar de kroan. Hy betwivele oft hy der wol rjocht op hie, omdat it heitwêzen fan Karel VI omstriden wie.
As tsiener bewearde Jeanne stimmendat tehja hearren,stimmen hearde fan de hilligen [[Katarina fan Aleksandrje|Katarina]] en, [[Margareta fan Antiochje|Margaretha]], fan de [[aartsingel]] [[Michaël (aartsingel)|Michaël]] en fan [[God (kristendom)|God]],. dy'tDy seine dat it lân befrijd wurde moast fan de Ingelsken (de ''[[Godon]]s''). Yn [[1429]] socht se de dauphin op, ûnderweis klaaid as man om har te frijwarjen fan ûnseedlike oandachtomtinken, mei as doel him derfan te oertsjûgjen de striid oan te fieren. De dauphin liet har earst ûnderfreegje troch tsjerklike gesachsdragers, dy't har yn it earstoan fan [[ketterij]] fertochten en stimde doe yn mei it útstel it Ingelske [[belis fan Orléans]] te brekken.
 
[[Ofbyld:Portrait jeanne d'arc.jpg|150px|thumb|left|''[[Hagiografy]]sk portret fan Jeanne d'Arc.'' <small>Boarne: Haggard, Andrew C P: France of Joan of Arc, New York, John Lane Company 1912</small>]]
Klaaid as in man, yn harnas, wist hja mei har frommens, selsberouwen en entûsjasme de demoralisearre Frânske troepen yn de stêd nij betrouwen te jaan. Op [[8 maaie]] waarden de Ingelsken twongen it belis op te jaan. Dat súkses ("in 17-jierrich famke ferslaat Ingelsen") spruts yn it hiele lân ta de ferbylding en die it Frânske selsbewustwêzen in soad goed, wêrnei't de dauphin him troch Jeanne oertsjûgje liet dat it tiid wie om him kroane te litten. HjirtaDan moast [[Reims]] wol ferovere wurde, de stêd dêr't tradisjoneel de kening kroane waard. Dat slagge de troch Jeanne late Frânsken sûnder folle ynspannings, en op [[17 july]] waard de dauphin kroane ta kening [[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]].
 
Letter kamen der gjin militêre súksessen mear. Karel VII wie tefreden mei it behelle resultaat en stelde net genôch middels beskikber foar mear feroverings. In oanfal op [[Parys]] mislearre, en by in útfal út it wol ferovere [[Compiègne]] waard Jeanne finzennomd troch de Boergonjers ([[1430]]). Dy ferkochten har oan de ein fan it jier oan de Ingelsken.
 
De Ingelsken woene stomme graach har as [[heks]] en [[ketter]] delsette, om sadwaande it keningskip fan Karel VII te ûntkrêftsjen. Se brochten har yn febrewaris [[1431]] yn Rouen foar de [[Ynkwisysje]], de [[tsjerklike rjochtbank]]. Jeanne waard beskuldige fan it fuortrinnen út it âlderlik hûs, it ûntkennen fan de tsjerklike autoriteit (harfanwege eigenhar kontakt mei God fia de stimmen), besykjen fan selsmoard (se hie besocht út de Boergonjeske finzenskip te ûntsnappen troch út in toer te springen), en it dragen fan manljusklean. Earst joech hja neat ta, mar nei driging mei [[Martelje|marteling]] luts se har ferklearring oer it hearren fan stimmen yn. Dêrnei waard de feroardiele ta [[libbenslange finzenisstraf]].
 
De Ingelsken wienen hjir net tefreden mei en wisten har mei in mûklist derta te ferlieden om yn de finzenis wer manljusklean te dragen. It proses waard dêrnei weriepenewer iepene. De rjochters konstatearren dat Jeanne wer yn oertreding wie en ferklearren har no ta ketter - in misdriuw dat ta de brânsteapel late. Op [[30 maaie]] [[1431]] waard se op de brânsteapel ferbaarnd op de âlde merk yn [[Rouen]]. Neidat se mienden dat se stoarn wie, waard it fjoer dôve en har diels ferkoalle lichem oan de omstanners toand, om sjen te litten dat se yndie in frou wie. Dêrnei waard it fjoer wer oanstutsen. Omstanners bewearden dat har hert net baarne woe. Har jiske waard yn de [[Seine (rivier)|Seine]] struid. (yn de 17e ieu dûkte yn in apteek in potsje op dêr't ''Jeanne d'Arc'' op skreaun stie. Lange tiid waard oannomd dat dêr it de oerbliuwsels fan Jeanne d'Arc yn sieten. De resten blykten lykwols fan in Egyptyske [[mummy]] te wêzen. Dat wie it resultaat fan in ûndersyk laat troch de Frânske forinsyske antropolooch Philippe Charlier, publisearre yn ''Nature'', april 2007. Hy ûndersocht stikjes bonke en linnen, dy't no eigendom binne fan it aartsbisdom [[Tours (Indre-et-Loire)|Tours]]. De tsjerke hiewoe by de sillichferklearring yn 1909 oanjûnhawwe dat it hast wis wie dat de oerbliuwsels werklikwier fan Jeanne d'Arc wiene. Ferpolvere bonken fan mummy's waarden oant yn de 19e ieu brûkt as medisyn, wat ferklearje kin dat dizzedy oerbliuwsels yn in apteek fûn binne)
 
== Nei har dea ==
De prosesstikken binne bewarre bleaun. DerSy komt in byld yn nei foaren fanlitte in ienfâldich boerefamke sjen dat soms antwurd jaan moast op yngewikkelde teologyske fragen, sûnder rjochtsbystân. Har militêre optreden wie benammen nofter, al kin in foarm fan moed har net ûntsein wurde: fandêrdêrom de beneaming ''la fille au grand coeur'', of: 'it famke mei it grutte hert'.
[[Karel VII fan Frankryk|Karel VII]], dy't syn keningskip oan har te tanken hie, die gjin inkele muoite om har te befrijen. De mem fan Jeanne krige yn [[1450]] wersjenning fan it proses en yn [[1456]] waard de feroardieling wegens "[[ketterij]]" neatich ferklearre. (In tribunaal laat troch ynkwisiteur-generaal Jean Bréhal beoardielde har saak opnij. It nije fûnis fersmiet it oarspronklike oardiel en omskreau de eardere sitting as "korrupsje, bedroch, kwealaster, fraude en kweadwillichheid" troch paus [[Paus Calixtus III|Calixtus III]]. Yn april 1909 waard Jeanne sillich ferklearre troch [[paus Pius X]], en op [[16 maaie]] [[1920]] ferklearre paus [[Paus Benedictus XV|Benedictus XV]] har hillich. Har feestdei wurdt fierd op [[30 maaie]].