Jasnaja Poljana: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: pt:Yasnaya Polyana
L red., neat oan de hân
Rigel 1:
[[Ofbyld:Yasnaya tolstoy.jpg|thumb|200px|It bûten fan Lev Tolstoj, Jasnaja Poljana]]
'''Jasnaja Poljana''' ([[Russysk]]: ''Ясная Поляна'') ('helder iepen plak') wie in [[bûtenpleats]] fan [[Lev Tolstoj]], op 12 kilometer ten súdwestensúdwestlik fan de [[Ruslân|Russyske]] stêd [[Toela]] dêr't de skriuwer berne en begroeven is. Teffens skreau er hjirdêr syn grutte romans ''[[Oarloch en Frede]]'' en ''[[Anna Karenina]]''.
 
Fuort nei de dea fan Tolstoj waard it hûs tain museum makke. Yn it earstoan hie syn dochter [[Aleksandra Tolstaja]] dêr de lieding en ek no noch heart de direkteur ta syn neisieten. It museum hat Tolstoj syn persoanlik besit en syn bibleteek fan 22.000 boeken.
 
Teffens heart ek de skoalle foar de boerebern en it park taby it museum. Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] ferôveren de Dútsers de bûtenpleats en [[Robert H. Jackson]] ferklearre by it [[Proses fan Neurenberch]] dat sy it bûten en it grêf fan Tolstoj ferwoastge hiene. De belangrykste eleminten wienen lykwols dêrfoarearder al evakuearre troch de sovjetregearing. Nei de kriich waard it bûten op'en nij opmakke oant it like op de tastân fan Tolstoj syn tiid.
 
[[Ofbyld:Tolstoy parlor.jpg|thumb|center|300px|Ytseal yn Tolstoj syn hûs]]