Hûndertjierrige Oarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: diq:Lecê Seserre
oanf., - stobbe
Rigel 1:
[[Ofbyld:Siege orleans.jpg|right|thumb|250px|''It belis fan Orlean'']]
De '''Hûndertjierrige oarloch''' is in lange rige fan konflikten ôfwiksele mei koart oanhâldende wapenstilstannen tusken de keningen fan [[Ingelân]] en [[Frankryk]]. De beneaming hjirfoar komt út de [[19e ieu]] en de djoer der fan de oarloch wurdt meastentiids rekkene tusken [[1337]] oant [[1453]].
 
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs [[Kapet]] (1328) makke de Ingelske kening [[Eduard III (fan Ingelân)|Eduard III]], dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening [[Filips IV de Skjinne]], oanspraak op de Frânske troan. Yn [[1337]] fernijde hy syn oanspraak op de Frânske troan út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, [[Filips VI fan Valois]], út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it ienige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rôp himsels ta kening fan Frankryk út yn [[1340]] (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
 
De Ingelsen behellen ynearsten in protte súksessen, mar it optreden fan [[Jeanne d'Arc]] yn [[1429]] betsjutte foarfêst in kearpunt yn de kriich. Mei de ferovering fan [[Bordeaux]] yn [[1453]] kaam de striid ta in ein. Allinnich de stêd [[Kales]] bleau oant [[1559]] yn Ingelske hannen.
 
== Oanlieding en kriichsferrin ==
{{stobbe-skiednis}}
Nei it útstjerren fan de haadline fan it Frânske keningshûs [[Kapet]] (1328) makke de Ingelske kening [[Eduard III (fan Ingelân)|Eduard III]], dy't troch syn mem in pakesizzer fan kening [[Filips IV de Skjinne]] wie, oanspraak op de Frânske troan. Yn [[1337]] fernijde hy syn oanspraak op de Frânske troan út frees foar Frânske yntervinsje yn Flaanderen en Skotlân. De Frânske kening, [[Filips VI fan Valois]], út de sydline fan de Kapets, besette doe it hartochdom Guyenne, it ienige oerbleaune besit fan de Ingelske kening op it fêstelân. Dat barren wie de direkte oanlieding foar de kriich. Eduard rôp himsels ta kening fan Frankryk út yn [[1340]] (in titel dy't troch de Ingelske keningen oant 1801 brûkt wurde soe).
 
De "oarloch" dy't út in rige fan konflikten bestie wurdt meastentiids opdiele yn trije of fjouwer parten: de Oarloch fan Eduard (1337-1360), de Oarloch fan Karel (1369-1389), de Oarloch fan Lancaster (1415-1429) en it trage ferfal fan de Plantagenets harren gelok neidat [[Jeanne d'Arc]] op it toaniel ferskynde (1412-1431).
 
== Betsjutting ==
Ferskate oare eigentiidske Jeropeeske konflikten hawwe streekrjocht betrekking op it konflikt: de Bretonske Suksesjeoarloch, Kastiljaanske Boargeroarloch, de Oarloch fan de Twa Peters en de Krisis fan 1383-1385. De term "Hûndertjierrige Oarloch" is in letter optinksel fan histoarisy, betocht om de rige fan foarfallen beskriuwe te kinnen.
 
De oarloch hat syn histoaryske betsjutting oan tal fan faktoaren te tankjen. Ek al wie it konflikt yn oanlis in dynastyk konflikt, de kriich hat de oanset jûn ta de ideeën fan sawol it Frânske as Ingelske [[nasjonalisme]]. Op militêr flak soarge it foar ynfiering fan nije wapens en kriichstaktiken, dy't de âldere [[feodalisme|feodale]] legers troch swiere [[kavalery]] dominearre yn West-Jeropa ûndermine soe. De earste [[beropsleger]]s yn West-Jeropa sûnt de Romeinske tiid waarden foarme foar it fieren fan oarloch. Troch dat alles, mar ek fanwege har lange djoer, wurdt de hûndertjierrige oarloch faaks sjoen as ien fan de wichtichste konflikten yn de skiednis fan [[midsieuwske oarlochsfiering]].
 
 
[[Kategory:Oarloch]]