Beton: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
+ skiednis, foar it grutste part oerset út it NL
L + plaatsjes
Rigel 1:
[[Ofbyld:Concrete flattening.jpg|thumb|Fask beton wurdt egalisearre mei in trilplaat]]
'''Beton''' is in keunstmjittich stiennich materiaal, dat as boumateriaal brûkt wurdt. It moderne beton is gearstald út it bynmiddel [[semint]] en út ien of meardere taslachmaterialen lykas [[sân]], [[gryn]] of [[stienslach]]. Semint hat de eigenskip út te hurdzjen as der wetter oan tafoege wurdt.
 
Line 4 ⟶ 5:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Pantheon rome 2005may.jpg|thumb|[[Hadrianus]] syn Pantheon yn [[Rome]] is in foarbyld fan Romeinske betonbou]]
De [[Egypte|Egyptners]], [[Babyloanje|Babyloanjers]], [[Foenysjers]], [[Griken]] en [[Romeinen]] koenen eartiids de foardielen fan it gebrûk fan (net wapend) beton. De Romeinen brûkten it by de bou fan [[Brêge|brêgen]] en [[Akwadukt|akwadukten]]. Ek by de bou fan it [[Kolosseum]] en it [[Pantheon]] war troch de Romeinen beton brûkt. As bynmiddel war [[kolkkalk]] of [[tras]] brûkt. Letter rekke dizze betontechnyk ieuwen oanien yn ûnbrûk. Pas yn 1756 makke de Brit [[John Smeaton]] foar de weropbou fan in fjoertoer gebrûk fan in mingsel fan kolk en [[klaai]]. Nei fierdere ferbettering fan dit materiaal yn 1824 en de útfining fan [[Portlânsemint]] troch de Ingelsman [[Joseph Aspdin]] (dy't der patint op kryg) war it gebrûk fan beton op 'en nij ûntdekt. It earste yndustriële bousel fan portlânsemint wurd yn 1842 delset.
 
{{Commonscat|Concrete}}