Gloeilampe: ferskil tusken ferzjes

stavering
L (Bewurkings fan "80.127.98.146" (oerlis) tebekset ta de ferzje fan "Gpvosbot".)
(stavering)
[[Ofbyld:Lightbulb.jpg|thumb|200px|Gloeilampe, skematysk]]
In '''gloeilampe''' is in metaaltriedlampe dy't [[elektrisiteit]] omset yn [[ljocht]]. De gloeilamp is út trije parten opboud: in metalen hâlder, in glêsfoarm en in [[gloeitried]]. De glêsfoarm, meast in bol, is fêstset yn de hâlder, en fan de einen fan gloeitried yn de bol liede elektrisiteitstriedenelektrisiteitstriedden troch de hâlder nei bûten ta, of meast foarmje twa parten fan de hâlder sels in kontakt mei de elektrisiteit bûten de lampe.
 
De tried foarmet in hege [[wjêrstân]]. De enerzjy dy't yn dy wjerstân teloar giet ferwaarmet de tried sa bot dat dy begjint te gloeien. Yn de bol mei dêrom gjin lucht sitte, om't op it hege enerzjynivo fan de lampe de gloeitried oars daalks reagere soe mei de [[lucht]] en ferbaarne. Oarspronklik wie de lampe yn stee dêrfan hielendal luchtliddich. It neidiel dêrfan is dat de tried dan stadichoan ferdampt nei it luchtliddige, dat om dat foar te kommen wurdt in gloeilampe hjoed de dei meast folle mei in ynert gas.
== Patint ==
[[Ofbyld:Zarowa ubt.JPG|thumb|left|200px|Gloeilampe]]
De útfining fan de gloeilampe wurdt faak taskreaun oan [[Thomas Alva Edison]]. It wurk dêr't dy [[27 jannewaris]] [[1880]] yn de [[Feriene Steaten]] patint op krige wie lykwols basearre op it eardere wurk fan [[William Sawyer]]. Ek hie [[Joseph Swan]] twa jier earder al, yn [[1878]], in [[Grut-Brittanje|Britsk]] patint krigen op de gloeilampe. Al mei al laat Edison syn patint ta in protte protesten en rjochtsaken. Doe't yn [[1893]] alle rjochtsaken ôfwikkele wienen, hie bliken dien dat de Dútske immigrant [[Heinrich Göbel]] yn New York al yn [[1854]] gloeilampen makke hie, mar der gjin patint op oanfrege hie. Göbel hat lykwols net lang mei syn erkenning libje kintkind; hy ferstoar itselde jier noch oan longûntstekking.
 
[[ca:Bombeta elèctrica]]
56.999

bewurkings