Kaart (kartografy): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
L →Kaarten fan Fryslân: [[]] oars |
L →Kaarten fan Fryslân: [[]] oars |
||
Rigel 12:
Yn de kartografy binne de kaarten fan Fryslân al yn de earste atlassen opnomd. [[Abraham Ortelius|Ortelius]], Kaerius, [[De Jode (famylje)|de Jode]], [[Gerardus Mercator|Mercator]] hawwe fan Fryslân tige fraaie kaarten útjûn. [[Grinslân]], as hearrende by Frisia, is ek stees opnomd. It binne libbene kaarten, ek al meidat de [[Waadsee]] en faak in stik [[Noardsee]] en [[Sudersee]] by it kaartbyld hearre. Op it mêd fan de seeën leefden de makkers har út mei driigjende, spuitsjende seemûnsters en sierlike, mei bolle seilen, farrende skippen en ynkleurde wynrozen.<br />
Yn in soad lytse bûsatlaskes út de [[16e ieu]] steane se bot soberder ôfdrukt. Fia it kaartbyld fan [[Jodocus Hondius]] en [[Blaeu]], wêryn't Fryslân as aparte kaart foarkomt, komt de mânske N.J. Visserkaart, de Schotanuskaart fan 1664 en de saneamde Stiennen Mankaarten, dêr't de Allard-útjefte de meast seldsume fan is.<br />
Yn de [[18e ieu]] wurdt it kaartbyld soberder en de ferneamde [[Isaak Tirion|Tirionkaart]] bringt it net fierder as in beskieden cartouche mei it wapen fan Fryslân en in lytse wynroas.<br>
De tritich [[gritenij]]en komme yn de 'Beskriuwing fan Fryslân' fan 1664 foar en letter yn de [[Schotanusatlas]].<br />
De [[Wopke Eekhoff|Eekhoff-atlas]] fan mid [[19e ieu]] is in atlasútjefte dy't troch it provinsjebestjoer bekostige waard. Grutte dúdlike kaarten, mar sûnder franje; mear [[kadaster]]kaarten (werútjefte 1969). De alve stêden binne op [[Warkum]] nei foar it earst troch [[Braun en Hogenberg]] útjûn. Dan folgje de Geelkerckenkaarten, de Boutattsútjeften, [[Lodovico Guicciardini|Guicciardini]], [[Caspar Merian|Merian]],
== Sjoch ek ==
|