Gegeven: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
Nije Side: Hjoed de dei moatte jo by it wurd 'gegevens' - njonken de earder bedoelde rekkengegevens - tinke oan alles dat yn kompjûterkoaden - nul/ienkoaden - te beskriuwen is. Sa binne der byld-, ...
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 14 des 2006 om 10.31

Hjoed de dei moatte jo by it wurd 'gegevens' - njonken de earder bedoelde rekkengegevens - tinke oan alles dat yn kompjûterkoaden - nul/ienkoaden - te beskriuwen is. Sa binne der byld-, lûd-, tekst- en fansels rekkengegevens.

Bygelyks in byldtriem omfettet alle kompjûterkoaden dy't nedich binne om in ôfbylding mei de kompjûter op it skerm of op de printer te setten. De basis foar de triem binne de nul/ienkoaden dy't al brûkt waarden doe't de kompjûter noch sjoen waard as rekkenreau.

De eardere hurde kaartsjes foar de Girotsjinst litte mei 'gatsjes/gjin gatsjes' moai sjen hoe ienfâldich nul/ienkoaden har beskriuwe lieten yn de praktyk. By it lêzen foel troch it iene ljocht en troch it oare net en sa kaam te 'taal' fan de kaartsjes yn de kompjûter.