James Cook: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfolle
Rigel 8:
 
== Earste reis ==
Yn Ingelân waarden plannen makke foar in wittenskiplike ekspedysje nei de [[Grutte Oseaan]]. De reis hie as doel de ôfstân te berekkenjen tusken ierde en sinne en it sykjen nei [[Terra Australis]]. Om de ôfstân útrekkeneútrekkenje te kinnen wie it fan belang op [[3 juny]] [[1769]] in astronomysk ferskynsel, de [[Fenusoergong]] op Tahity mei te meitsjen.
 
Kaptein Cook waard útkeazen om de ekspedysje te lieden dy't út in grutte groep wittenskippers bestie, te witten natoerûndersiker [[Joseph Banks]], de astronoom [[Charles Green]], de biologen [[Daniel Solander]] en [[Hermann Sporing]] en tekener [[Alexander Buchan]]. It skip dat foar de ekspedysje brûke waard wie de [[HMS Endeavour]].
 
Cook gie op [[30 july]] [[1768]] fuort út [[Deptford]] wei, sylde om [[Kaap Hoarn]] hinne en fear yn noardwestlike rjochting nei [[Vahitahi]] en ferfolgens nei [[Tahity]], dêr't mei de sukses de Fernusoergong waarnimmen waard. In grut tal eilannen waarden besocht en it planten en dierelibben ûndersocht.
 
Dêrnei folge Cook syn reis op siik nei it heimsinnige Terra Australis en fear nei it suden oant 40°SB, mar ûntdekkeûntdiek gjin lân. Hy kearde werom oant hy de kust fan [[Nij-Seelân]] berikte, datdy't al earder yn 1643 troch de Nederlanner [[Abel Tasman]] ûntdutsen wie. Troch him waarden de kusten fan beide eilannen alhiel yn kaart brocht.
 
Dêrnei fear hy wer nei it westen mei as doel [[Tasmaanje]] te berikken, mar troch de wyn sylde hy noardliker en berikte de eastkant fan [[Austraalje (kontinint)|Austraalje]] by [[Port Hicks]]. Hy folge de kust nei it noarden, ûntdekkeûntdiek [[Botany Bay]] en [[Port Jackson]] en neamde it gebiet [[Nij-Súd-Wales]]. Fierder nei it noarden rekke it skip lek doe't hy op in part fan it [[Grut BarrêrerifBarriêrerif]] stjitte, mar Cook slagge deryn it skip farrende te hâlden en de kust te berikken sadat it reparearre wurde koe. Hy stelde fêst dat Austraalje en Nij-Seelân troch in see fan elkoar skieden wienen en kearde fia [[Batavia]] en om [[Kaap de Goede Hoop]] werom nei it Feriene Keninkryk. Op 12 july [[1771]] arrivearre hy by [[Dover]].