Piter Dekema: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[]]
Rigel 1:
'''Piter Hettes (fan) Dekema''' ([[Weidum]] ? – [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] [[1568]]) wie bestjoerder, jurist en ferfeaner.
 
==Skiednis ==
Fan de jonge jierren fan Piter Dekema, pakesizzer fan [[Juw Dekema]], is net safolle bekend. Hy is syn heit Hette opfolge as [[grytman]] fan [[Baarderadiel]]. Oan syn dea ta wie hy in trou oanhinger fan [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] en [[Filips II fan Spanje|Filips II]]. Yn [[1524]] beleane Karel V troch him de titel fan [[ridder]] te jaan. Piter Dekema wie troud mei [[Catharina van Loo]], dochter fan rintmaster-generaal [[Boudewijn van Loo]]. Nei’t der sein wurdt hie it pear 16 bern.
 
=== Riedshear fan it [[Hof fan Fryslân]] ===
Rigel 23:
 
===It Ljouwerter Dekemahûs===
[[Boudewijn van Loo]], Piter Dekema syn sweager, liet in deftich hûn bouwe oan de Iewâl, no it Hofplein. Oan de súdkant dêrfan liet Piter Dekema foar himsels it [[Dekemahûs]] bouwe. Doe’t de steedhâlder [[Willem Loadewyk]] yn [[1587]] troude mei [[Anna fan Oranje]] fûnen de Steaten dat harren steedhâlder in amtwent hawwe moast dy’t paste by syn weardichheid en dy fan syn frou. Fan de ergenamten kochten se dêrom it hûs, dat Boudewijn van Loo bouwe litten hie, en it Dekemahûs oan as amtswent foar Willem Loadewyk. Oant [[1795]] hawwe de steedhâlders der wenne. Nei de Frânske tiid hat kening [[Willem I]] it hûs kocht en is oant de sechtiger jierren de foarige iuw keninklik paleis bleaun. Dêrnei hat de gemeente [[Ljouwert (gemeente)|Ljouwert]] it brûkt as kantoar fan de wethâlders. No is it in hotel.
 
===De Huzumer Dekemastate===