Tanganjikamar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: af:Tanganjika-meer
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Location GreatLakes-Africa.png|thumb|''Lizzing Tanganjikamar'']]
[[Ofbyld:Lake tanganyika.jpg|thumb|''Tanganjikamar'']]
De '''Tanganjikamar'''<ref>Dit artikel of in eardere ferzje is in gedieltlike oersetting fan it artikel [http://en.wikipedia.org/wiki/Lake_Tanganyika?oldid=10983844 Lake Tanganyika] fan de [[Ingelske Wikipedia]].</ref> is in grut mar yn [[Sintraal-Afrika]] (3°20' oant 8°48' ZB en 29°5' tot 31°15' EL). Der wurdt oannomd dat de mar itde op ien nei âldste (en op ien nei djipste) mar fan de wrâld is, nei de [[Baikalmar]] yn [[Sibearje]].<ref>Zambia Tourism: [http://www.zambiatourism.com/travel/places/tanganyi.htm Lake Tanganyika].</ref>
 
== Lizzing ==
Rigel 7:
De mar hat in oerflak fan 32.900 km², in ouwerlingte fan 1.828 km, in trochsneed djipte fan 570 m en in maksimum djipte fan 1.470 m (yn it noardlike bassin) en befettet ± 18.900 km³ wetter. De grutte djipte en de tropyske lizzing fan de mar ferhinderje "omsetting" fan wettermassa, wat betsjut dat in soad fan de legere djipten fan de mar saneamd "fossyl wetter" is, en [[anoksysk]] is (dus gjin soerstof befet).
 
De mar wurdt fiede mei wetter troch meardere streamkes en rivieren yn de reintiid, dizze fieding is lykwols mar tydlik. De wichtichste rivieren, dy't de mar ek nei de reintiid fiede, binne de [[Malagarazy]](Tanzania), de [[Rusizy]] (Bûrûndy), de [[Lûkûga]] (Kongo) en de [[Lûfûbû]] (Sambia). De Lukuga is de ienige rivier wêrlâns de mar ôfwettert. It wetterpeil fan de mar hat grutte skommelingen ûndergien, soks is te sjen oan de ôfsetting op de stienten lâns de kustline fan de mar. De [[Russizy]] (Bûrûndy) rivier bringt it wetter fan de Kivûmar nei de Tanganjikamar, dit rivierwetter is ryk oan mineralen en sedemint en hat dêrtroch in direktefuort ynfloed op de gemyske gesteldheidtastân fan it [[alkalyske]] marwetter.
 
De mar is ferdield tussentusken de fjouwer omlizzende lannen: [[Bûrûndy]], [[Kongo-Kinshasa]], [[Tanzania]] en [[Sambia]], wêrby't Kongo-Kinshasa (45%) en Tanzania (41%) de mearderheid fan de mar besitte.
[[Ofbyld:Burundi - Lake Tanganyika fisheries.jpg|thumb|''Fiskers op de Bûrûndyske igge fan de mar'']]
 
== fisken en fiskerij ==
De fisk yn de mar is in grutte boarne fan [[proteïne]] foar de lokale befolking. Begjin 21e ieu binne sa'n 45.000 minsken direkt belutsen by de [[fiskerij]]. Hast achthûndert plakken en om de ien miljoen minsken binne ôfhinklik fan de fiskers. De kommersjele fiskerij begûn healwei de jierren fyftich fan de tweintichste ieu en hat in swiere ynfloed op de fisksoarten hân dy't yn it iepen wetter en/of in de djipte fan de mar libje. Yn [[1995]] wie de totale fangst ± 180.000 ton. De eardere yndustriële fiskerij, dy't yn de [[1980-1989|jierren tachtich]] in hege flecht naam, is letter ynstoarten. Opmerklik is it game-fishing op marfallen, tilapia's en oare grutte fiskesoartensoarten fisk. Dy foarm fan "sport" wurdt op de mar benammen dien troch (rike) expats en magnaten.
 
De mar stiet by akwariumhâlders ek bekend om syn ferskaat oan fisksoartensoarten fisk, dêr't in protte fan tsjintwurdich faak hâlden wurde yn akwaria. In soad soarten [[sichliden]] (wêrûnder mûlebrieders, hoalebrieders, en, endemysk yn de mar, skulpebrieders), [[echte marfallen|marfallen]], iel en in inkele [[killyfisk]] wurde troch de lokale befolking fongen mei spesjale netten, sadat se net beskeadige reitsje, en wurde eksportearre nei in soad lannen yn de wrâld. De mar waard foar it earst ûntdekt troch Europeanen yn [[1858]] doe't de âlde ûntdekkingsreizgers [[Richard Francis Burton|Richard Burton]] en [[John Speke]] sochten nei de boarne fan de rivier de [[Nyl]]. Speke socht dêrnei fierder en fûn de wiere boarne, de [[Victoriamar]].
 
{{commons|Lake Tanganyika}}