Balthasar Bekker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
wurk bliuwt der.....
L st. [[]]
Rigel 1:
{{stavering}}
[[Ofbyld:BalthasarBekker.gif|right|thumb|Tekening út 1691 troch [[Joh. Hilarides]]]]
[[Ofbyld:Monumint Bathasar Bekker, Mitselwier.JPG|thumb|right|''Monumint Balthasar Bekker yn Mitselwier'']]
 
'''Balthasar Bekker''' ([[Mitselwier]], [[20 maart]] [[1634]] – [[Amsterdam]], [[11 juny]] [[1698]]) wie in [[Nederlân]]sk predikant en [[Teology|teolooch]], in bestrider fan [[bygeloofbyleauwe]] en ien fan de foarrinders fan de [[Ferljochting]].
 
== Libbensrin ==
Balthasar Bekker wie de soan fan in út [[Bielefeld]] kommend predikant, Henricus Bekker (dûmny fan 1633-1646 yn Mitselwier-Nijewier.) Hy studearre yn [[Grins (stêd)|Grins]] by de ferneamde heechlearaar Easterske talen [[Jacob Alting]] en yn [[Universiteit fan Frjentsjer|Frjentsjer]]. Nei twa jier koe hy ta syn freugde de funksje as rektor fan de [[Latynske skoalle]] opjaan, doe't hy beroppen waard nei [[Easterlittens]] ([[1657]]). Nij wie dêr dat hy op snein preke. Hy promovearre yn [[1665]] yn de teology en skreau ferskate [[kategeze|kategesaasjeboekjes]]. Yn [[1666]] waard hy beroppen nei Frjentsjer.
 
Bekker wie in oanhinger fan [[René Descartes]] en begûn oan alles te twifeljen. Hy leaude net yn sielsferhuzing en wie it net iens mei [[Tomas fan Akwino]], dy't it leauwen yn oare geasten, ôfsjoen fan de Skrift, ek reedlik fûn. Ek [[Aristoteles]] hie net syn foarkar as wiisgear. Der ûntstie yn [[1670]] in heftige strideraasje nei oanlieding fan syn ''De Vaste Spijse der Volmaakten'', dat "... sels 'lands regering het nodig achtte zich ermee te bemoeien"''. Yn [[1672]] waard hy troch de Synoade fan [[Sosinianisme]] frijsprutsen.
 
Yn [[1674]] ferfarde hy nei [[Loenen aan de Vecht|Loenen]], twa jier letter nei [[Weesp]]. Bekker wie dêrnei legerpredikant en krige fan 1 jannewaris [[1680]] in oanstelling yn Amsterdam. Bekker wenne op de [[Prinsengracht]], foar de [[Noardertsjerke]] oer. Yn 1683 reizge hy twa moanne troch Ingelân en Frankryk en besocht [[Cambridge]], [[Oxford]], [[Parys]] en [[Leuven]]. Bekker hie grutte belangstelling foar [[festing]]bou en [[wiskunde]] en hie each foar sosjale ferhâldings. It selskip reizge nei [[Versailles]], doe't it paleis noch yn oanbou wie en seach [[Loadewyk XIV]] earst op jacht en letter oan tafel gean.
 
Yn it boek ''Ondersoek van de betekening der Cometen, bij van degene, die in de jaren 1680, 1681 en 1682 geschenen hebben'', ferkundige er, neidat der mear as twa moanne yn hast hiel [[Jeropa]] in [[komeet]] te sjen west hie, de miening dat kometen gjin rampen oankundigen. Hy waard fûl bestriden en troch kollega's oanfallen. Yn 1688 skreau hy syn in soad priizge ''Verklaring over de voorzeggingen van [[Daniël (boek)|Daniël]]'' wêryn hy de dream fan [[Nebukadnezar II|Nebudadnezar]] as ûnderwerp behandele. Yn 1689 eksaminearre hy yn opdracht fan de [[Sosiëteit fan Suriname]] in twatal dûmny's foardat se útstjoerd waarden.