Soen fan Grins: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
plaatsje
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.3) (Robot: interwiki gewijzigd van nl:Vrede van Groningen van 1422 naar nl:Vrede van Groningen; tekstwiziging
Rigel 4:
De greven fan Hollân meitsje al ieuwenlang oanspraak op de hearlikheid oer [[Fryslân]]. Fryslân soe harren yn lien jûn wêze troch de [[Hillige Roomske Ryk|Dútske keizer]]. Dêrby ferstiene hja ûnder Fryslân net allinne de hjoeddeistige provinsje Fryslân, mar teminsten ek de [[Ommelannen]] by [[Grinslân]].
 
Oan de ein fan de [[14e ieu]] ûntwikkelen harren ek in Fryslân saneamde ''partijrûzjes''. Beide partijen, yn Fryslân en Grinslân bekend as Skieringers en Fetkeapers, kenne mar amper in fêste gearstalling, stipe waard maklik ferliend, mar krekt sa maklik ek wer ynlutsen. Wat de oanlieding foar de oplôgjende striid presys west hat, is dreech te efterheljen.
 
Yn de ûnrêst dy't dêrfan it gefolch wie seach [[Albrecht fan Beieren]] in goede mooglikheid om syn rjochten yn Fryslân te effektuearjen. Tagelyk ûntstie yn [[East-Fryslân]] de kern fan lânseigen [[haadling|greefskip]] mei de opkomst fan it geslacht ''[[Tom Brok|To Broke]]''. Ek dy seagen mooglikheden yn de ûnrêst. It gefolch wie dat Fryslân en Grinslân it striidtoaniel waarden fan felle rûzjes tusken hieltyd wikseljende koalysjes. Ta in dúdlike oerwinning fan ien fan de beide partijen kaam it lykwols net.
 
Mei it fredesferdrach kaam der foarearst in ein oan de striid. Yn it ferdrach wurdt de [[De Lauwers]] neamd as westgrins fan it gebiet dêr't de hearlikheid fan Jan fan Beieren troch Tom Broke oer erkend wurdt. Dêrnei bleau it yn de [[Ommelannen]] relatyf rêstich, yn [[Fryslân]] bewesten de Lauwers lôge de striid al gau wer yn alle fûlens op.
Rigel 13:
[[Kategory:Skiednis fan Grinslân]]
 
[[nl:Vrede van Groningen van 1422]]