Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MerlIwBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: lad:Djenosidio armenio
Rigel 19:
Yn 1908 waard yn Turkije de macht grypt troch de [[Jonge Turken]]. Dy machtsoername waard ynearsten troch de Armeenjers stipe. Yn de [[Earste Wrâldkriich]] keas it Ottomaanske ryk de side fan [[Dútslân]] en rekke it lân yn oarloch mei [[Ruslân]]. De Armeenjers woenen ûnôfhinklik bliuwe yn it konflikt, mar sleaten letter ferdraggen mei de Britten en de Russen. Dy ferdraggen moasten it ûntstean fan in selsstannich Armeenje yn de eastlike provinsjes fan [[Anatoalje]] mooglik meitsje.
 
Yn dat gebiet wennen doe in soad Armeenjers en in dielpart fan Armeenje foel al in skoft ûnder Russysk bestjoer. Oan Russyske side fochten yn 1915 yn totaal sân grutte Armeenske frijwilligersbrigades. Ek kamen ferskillende groepen Armeenjers yn opstân, ûnder oare yn de steden [[Fan (stêd)|Fan]] en [[Zeytun]] ([[Süleymanly]]).
 
== Genoside ==