Armeenske Genoside: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 22:
 
== Genoside ==
As it front tichteby komt binne de Turken binne benaud dat mear Armeenjers harren by de Russen oanslute sille. Troch de Ottomaanske regearing wurdt besluten alle Armeenjers nei de Syryske woastyn ta deportearen. Op [[24 april]] 1915 wurde hûnderten oant tûzenen leden fan de Armeenske elite sûnder inkele foarm fan proses yn [[Konstantinopel]] (Istanboel) fermoarde. Dy dei sil by de Armeenjers altiten yn it ûnthâld bliuwe en wurdt sjoen as it begjin fan de folkemoard.
 
Fan offisjele side ([[Talaat Pasja]]) waard as reden foar de deportaasje opjûn de opstannen troch en "massamoarden" troch Armeenjers. De deportaasje hie yn wêzen gjin bestimming, mar wie ynearsten organisearre rjochting de stêd [[Aleppo]] en fan dêrwei nei de [[Deir ez-Zor-woastyn]]. Nei alle gedachten hawwe der 25 grutte konsintraasjekampen west dy't ûnder leiding stiene fan [[Sükrü Kaya]]. De measte leinen yn it tsjintwurdige [[Syrje]] dêr't sommige fan allinnich as trochfierkampen tsjinne hawwe.