Museum Belvédêre: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L [[]] oars
Rigel 5:
It museum hat in aparte ûntsteansskiednis. It komt fuort út de winsk fan trije manlju: Thom Mercuur en de keunstners Boele Bregman en Sjoerd de Vries. Benammen [[Thom Mercuur]] dreamde al in hiel skoft oer it opsetten fan in eigen museum, in grutte 'kykkast' foar keunst.
Nei in soad tsjinslach is it him slagge en ferwêzenlikte hy syn museum.
It museum, dat 104 meter lang is en 13 meter breed, leit middenyn it lânskip [[It Oranjewâld]]. It is ûntwurpen troch [[Eerde Schippers]]. Op [[24 novimber]] [[2004]] waard it museum en de bûtenpleats iepene troch [[Beatrix derfan de Nederlannen|keninginne Beatrix]].
 
De fêste kolleksje bestiet benammen út wurken fan Fryske keunstners en geastbesibben dy't fierder kwalik yn it iepenbier tentoansteld wurde. Hjirby kin tocht wurde oan keunstners lykas [[Jan Mankes]], [[Thijs Rinsema]], [[Tames Oud]], [[Gerrit Benner]], [[Boele Bregman]], [[Willem van Althuis]] en [[Sjoerd de Vries (byldzjend keunstner)|Sjoerd de Vries]].