Flavius Aetius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JYBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - oars: ka:აეციუსი
Rigel 21:
 
== [[Slach op de Katalaunyske fjilden]] ==
Aëtius reizget of nei [[Galje|Gallia]] om in alliânsje fan Hunnen, [[Gepiden]] en [[Ostrogoaten]] it haad te bieden. Hy ropt dêrby de help yn fan de Germaanske foederatistammen dy't al op Romeinske gebiet ferbleauwen lykas ie de [[Fisigoaten]], [[Boergonden]], [[Franken (volk)|Franken]] en Fandalen. Op 20 septimber [[451]] wie op de ''Campus Mauriacus'' of Katalaunyske fjilden, tichtby Troyes en [[Châlons-sur-Marne]], in grutte fjildslach. De Hunnen koenen mei mei muoite in nederlaach te ûntkommen en de slach einige yn feit sûnder winners. Dan lit Aëtius de Hunnen de ôftocht blazen, mooglik om harren as tsjinwicht tsjin de Germaanske stammen te behâlde kinnen. In beslissing dy't him djoer te stean komme sil om't de Hunnen har yn [[452]] tsjin Itaalje keare. Aëtius waard letter hjirfoar yn Rome en Ravenna alderlei ferwiten makke.
 
As yn 453 Attila ferstoar is, is Aëtius syn grutste tsjinstanner kwyt, mar likegoed dé reden dêr't hy foar de keizer ûnmisber wie gie dêrmei ferlern. Yn [[454]] lit dizze keizer him fermoarde.