De Burch (stins): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
tekst foto
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jouswier Reidswal Pelfinne.gif|thumb|It plak dêr't de Pelfinne stie, yn'e midden Jouswier]]
'''De Burch''' of '''Pelfinne''' wie in [[stins]] oan de Suder-Ee[[Súd Ie]] tussen [[Mitselwier]] en [[Jouswier]], gemeente [[Dongeradiel]]. Fan de stins is neat werom te finen, it is no in stik lân.
 
Begjin 16e ieu wurdt foar it earst oer De Burch skreaun. De wichtichste stins yn Mitselwier wie Ropta. Dêrneist wienen de âlde haadlingehuzen [[Wibaldastate]] en [[Uniastate (Mitselwier)|Jaersmastate]] der noch. Alletrije machtsposysjes waarden al neamd yn [[1422]].
 
Yn 1511 wie [[Sybren fan Ropta|Sybren Ropta]] syn soan Focke Ropta, yn de list fan eallju fan [[1505]] ek neamd, eigener fan [[Roptastate]]. Ien fan syn pachters wenne ''up den Burch''. Dêr sil grif net de [[Roptastins]] mei bedoeld wêze, mar in strategysk oan de Suderie lizzend hûs. Fokke Ropta junior fan Roptastate troude mei Graets fan Eysinga. Neist Grut- en Lyts-Ropta en De Burch hie hy noch in soad oare pleatsen en stikken lân yn eigendom ûnder de doarpen [[Eanjum]], [[Ljussens]] en Moarra[[Moarre]] en in hûs yn Dokkum. Hy wie dan ek de rykste man fan de [[gritenij]].
 
[[Focke fan Ropta]] ferstoar frij jong yn 1512 krektas syn frou. De ien ferstoar op 24 juny, de oare op 4 july.