Ambrosius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TjBot (oerlis | bydragen)
L r2.7.2) (Bot - derby: ilo:Ambrosio
Rigel 7:
Doedestiids bestie yn West-Jeropa it [[Arianisme]] noch as wichtige kristlike streaming. Yn Milaan wie der in striid geande tusken Arianen en Ortodoksen. It hie der mei te krijen dat nei de dea fan de biskop fan Milaan, [[Auksentius]], der in situaasje ûntstie dat Ortodoksen en Arianen allebeide harren kandidaten beneamd hawwe woenen en sy der mar net yn slaggen om hjir oer iens te wurden. Yn de katedraal dêr't de gearkomste hâlden waard, rûn dit sa heech op dat sy Ambrosius, yn syn funksje fan gûverneur om help rôpen. Hja wienen sa oer him te sprekken en hy befoel sa bêst dat it folk him ienriedich en hielendal net ferwachte - hy hie gjin inkele tsjerklike wijing en wie sels net doopt - ta biskop ferkeazen. Hy liet him fuortendaliks dope en waard acht dagen letter ta biskop wijd.
 
Ambrosius wie net allinne in grut tsjerkfaar, hy wie ek in grut politikus. Hy hâlde him foaral dwaande mei de striid tsjin de Arianen en krige it dêrby oan de stok mei de keizer, omdat dizze stipe joech oandy de Arianen stipe joech. Hy feardige in protte [[edikt]]en út en rôphat [[konsily]]s byinoar rôpen dy't allinnich rjochte wienen tsjin dizze lear. Op it [[Konsily fan Akwileja]] ([[381)]] slagge hy der foar altyd yn dat der in ein kaam oan it Arianisme. Syn [[Allegory|allegorisearre]] preekstyl soe meiwurkje oan de bekearing fan de lettere tsjerkfaar en teolooch [[Augustinus]].
 
Ambrosius stoar op [[4 april]] [[397]], en leit begroeven yn de [[basilyk]] fan [[Milaan]] dy't ek syn namme hat, nammentlik de Sant'Ambrogio.